Roel Slofstra
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Roel Iete Slofstra (Zwartemeer, 19 febrewaris 1939) is in trûbadoer en wennet yn Rie.
As soan fan Jan Slofstra begûn er in stúdzje oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten. Letter studearre er oan it Keninklik Konservatorium yn Den Haach. Yn 1969 kaam hy nei Fryslân om te wenjen en begûn in karriêre as Fryske trûbadoer. Hy begeliedet himsels en lit him ûnder oare troch Wilco Tukker op gitaar begeliede. Roel Slofstra trede net allinnich op yn Nederlân mar ek yn Dútslân en Belgje. Dêrby wurke hy ek gear mei de Flaamske groep 't Kliekske. Slofstra brûkt in soad teksten fan dichters (û.o. Fedde Schurer, Sybe Krol, Baukje Wytsma en David Hartsema) en folksferskes. De muzyk fan syn lieten is ûnder mear makke troch Louise Godin, Jan Slofstra en himsels. "Oer-Trûbadoer" Roel Slofstra song ek tegearre mei Maaike de Wilde.
Yn de bondel Alter ego, Lieten (2007) steane de teksten fan synn lêste twa cd’s, dy't er sels skreaun hat. De teksten fan it album Poste restante (2000) gean foaral oer de leafde en meast oer de leafste dy't yn de steek litten wurdt. Op Wis en wrachtich (2006) stean lietsjes oer de dea fan syn mem (Ofskie), de âlde Frânske adel (Compiègne), oer de renovaasje fan syn hûs (De luchter), syn kollega Piter Wilkens (in sekere Piter W.), syn hûn (Pelle) en skerpe teksten oer de amtnarij nei de Twadde Wrâldkriich (Bryk jild) en syn grifformearde jeugd (De koepeltsjerke en Kryst).
Yn 2008 ferskynde de poëzijbondel Alter Ego mei lietteksten en gedichten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.