From Wikipedia, the free encyclopedia
Rodos (Gryksk: Ρόδος, Ródos) is in Gryksk eilân en gemeente yn de Egeyske See. De gemeente beslacht sûnt de weryndieling fan 2011 it hiele eilân en hat 115.290 ynwenners (2011). De haadstêd fan it eilân is Rodos-stêd.
Rodos is it fjirdgrutste eilân fan Grikelân en is part fan de eilânnekloft Dodekanesos. It leit in pear kilometer besuden it Turkske fêstelân, en is dêrmei ien fan de meast eastlike eilannen dy't ta it Grykske lân hearre.
Der binne fêste fearferbinings tusken Rodos en it Grykske fêstelân, mar ek tusken Rodos en eilannen as Simi, Kos, Patmos, Santorini en Karpatos.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.