Robert Trujillo
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Roberto Agustín Miguel Santiago Samuel Trujillo Veracruz (Santa Monica, 23 oktober 1964) is in Amerikaansk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Suicidal Tendencies en Metallica. Trujillo en syn mei-bandleden fan Metallica waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Robert Trujillo is de heit fan bassist Tye Trujillo.
Remove ads
Remove ads
Karriêre
Robert Trujillo begûn al jong mei muziek meitsjen by feestbands, op syn 19e gie er nei in jazz-cosirvatorium.
Suicidal Tendencies (1989-1995)
Trujillo krige bekendheid doe't er yn 1989 Bob Heathcote ferfong as bassist fan de Kalifornyske metalband Suicidal Tendencies. Trujilo brocht fjouwer studio-albums út mei dizze band.
Infectious Grooves (1989-1997) (2013-No)
Trujillo is ek in bandlid fan it njonkenprojekt van de sjonger fan Suicidal Tendencies Mike Muir, Infectious Grooves. Ek mei dizze band brocht Robert fjouwer studio-albums út.
Ozzy Osbourne (1996-2003)
Nei't er Suicidal Tendencies ferlitten hie waard Trujillo de nije bassist fan de band fan Ozzy Osbourne, as ferfanger fan Bob Daisley. Mei Osbourne brocht er ien studio-album út.
Metallica
Yn 2003 die Trujillo wilens in toernee fan Ozzy Osbourne audysje by Metallica dy't nei it útbringen fan it album St. Anger op syk wiene nei in ferfanger foar de yn 2001 opstapte bassist Jason Newsted. Trujillo krige de baan. Dat Ozzy Osbourne moast foar de rest fan it toernee op syk nei in oare bassist as ferfanger fan Trujillo, die waard fûn yn Jason Newsted doe de bassist fan Voivod. Nettsjinsteande dat Trujillo net op it album St. Anger te hearren is, is er al te sjen yn de fideoclips dy't makke binne by de singles fan it album St Anger. Mei Metallica hat Robert oant no ta twa studio-albums útbrocht.
Remove ads
Priveelibben
Robert Trujillo waard berne yn Santa Monica, Kalifornje, Amearika, as de soan fan in dosint. Trujillo is boaske mei Chloé sy ha twa bêrn.
Diskografy
Albums
As gastmuzikant
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads