From Wikipedia, the free encyclopedia
De hillige Redbad fan Utert (of Radbod) (by Namen, om 850 – Ootmarsum, 29 novimber 917) wie biskop fan Utert fan 899 oant 917. Syn nammedagen binne 29 novimber en 25 juny (de dei fan syn translaasje).
Redbad waard mids 9e iuw berne út in Frankyske famylje fan namme ûnder de stêd Namen. Syn mem wie fan Frysk komôf en in neisiet fan de Fryske kening Redbad (stoarn yn 719).
Yn Nederlân is Redbad de patroan fan de katolike wittenskipsbeoefening. Yn 1905 waard de Sint-Radboudstifting oprjochte mei it doel it befoarderjen fan it katolyk heger ûnderwiis yn Nederlân en benammen mei de oprjochting fan in katolike universiteit. Yn 1923 waard de Katolike Universiteit Nimwegen iepene en yn 1956 it Sint-Radboudsikehûs (no Radboudumc) dat dêr by heart. Op 1 septimber 2004 hat de universiteit de namme Radboud Universiteit Nimwegen oannaam.
De iennige tsjerke fan Fryslân mei patroanhillige Redbad stiet yn Jorwert. Oannommen wurdt, dat de nei ‘Radboud (boadskipper fan goede ried)’ neamde tsjerke stifte is op grûn dy’t it eigendom wie fan de biskop.
Ien biskop, in soad nammen. De hjoeddeiske Frysktaligen skriuwe de namme Redbad mei koarte lûden – dy fan de eardere kening lyksa – en de Nederlânsktaligen brûke eigentlik Radbod mar skriuwe hjoed-de-dei meastal Radboud. It Aldfrysk jout de namme Rêdbâd. Boppedat fynt men yn it Latyn de skriuwwize Radbodus.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Radboud of Utrecht fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.