From Wikipedia, the free encyclopedia
Realitypornografy is in foarm of sjenre fan pornografy wêrby't yn sêne sette moetings, dy't presintearre wurde as echt (en gauris ek tafallich of willekeurich), foarôfgean oan seksuële omgong fan 'e belutsen pornoakteurs. By sokke sênes kin de kameraman direkt belutsen wêze (dan is it gonzopornografy), mar it is ek mooglik dat de kameraman de swijende taskôger is (yn dy foarm soe men it as in foarm fan foyeuristyske pornografy beskôgje kinne. De makkers fan realitypornografy omskriuwe it sjenre yn 'e regel as "echte minsken dy't echte seks hawwe". In wierdere omskriuwing soe wêze dat it profesjoneel makke pornografy is dy't besiket om amateurpornografy nei te bearen. Hoewol't dien wurdt as oft it om (tafallich filme) seksuële foarfallen út it wiere libben giet, wurdt fierwei de measte realitypornografy makke mei profesjonele pornoakteurs en -aktrises, dy't by it publyk bekend binne út oare pornofilms. Om't men it publyk dus net mear wiismeitsje kin dat it om willekeurige minsken giet, hjit it faak dat realityporno it lossinnige priveelibben fan pornostjerren beljochtet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.