Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Radio-aktiviteit is it útstjoeren fan ionisearjende strieling troch materialen. It is in natuerkundich fenomeen: bepaalde isotopen binne ynstabyl en feroarje (desyntegrearje) spontaan yn in oare atoomsoarte. Dit wurdt radio-aktyf ferfal neamd.
By dit proses stjoere se ionisearjende strieling út. Nei it útinoar fallen is de atoomkearn feroare fan gearstalling; hy hat mear of minder protoanen en/of neutroanen. Sa ûntsteane der oare nukliden en dêrmei bytiden in oare isotoop fan itselde elemint, mar meastal in oar elemint.
Yn guon situaasjes is it desyntegraasjeprodukt, ek wol de dochternuklide neamd, sels ek wer ynstabyl. It proses giet troch oant der in stabile atoomkearn ûntstien is. Der is dan sprake fan in ferfalkeatling.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.