From Wikipedia, the free encyclopedia
In rōnin (Japansk: 浪人; útspr.: [ˈɾoːɲiɴ], likernôch: "roo-njyn"), letterlik in "swalker" of "swerver", wie yn it feodale tiidrek fan 'e Japanske skiednis (1185-1868) in samoerai dy't gjin master (daimyō) hie. In samoerai wie in kriger dy't tagelyk de lienman fan in lienhear wie. Sokken stiene yn 'e doetiidske Japanske maatskippij yn heech oansjen, en harren hâlden en dragen waard regele troch de bushido, harren strange koade fan ear. In samoerai waard in rōnin as syn master sûnder opfolger kaam te ferstjerren of te sneuveljen, of nei't syn master yn ûngenede fallen en út 'e adelstân set wie. Op rōnin waard yn 'e doetiidske Japanske maatskippij krekt mei minachting op delsjoen, om't it net mear as hierlingen wiene. Ek hiene sokken harren ear ferlern, want wiere samoerai hearden seppuku (ek bekend as harakiri, rituele selsmoard) te dwaan as harren master ferstoar.
Rōnin wiene almeast net mei swurden bewapene, om't se dy ferkocht hiene om itende te bliuwen. Dêrom fochten se ornaris mei de bō (in stêf fan 1.50 oant 1.80 m lang), de jō (in koartere stêf fan 0.90 oant 1.50 m lang) of de yumi (bôge). Se foarseagen foar it meastepart yn harren libbensûnderhâld troch as bewekkers karafanen te beskermjen tsjin rôvers of troch liifwachten fan rike keaplju te wurden. Ek fungearren se wol as útsmiters fan bordelen en gelegenheden foar gokken. In protte rōnin waarden lykwols sels strûkrôvers en operearren yn binden dy't de trochgeande wegen yn Japan ûnfeilich makken. Fral ûnder it shōgunaat fan Iemitsu Tokugawa, fan 1623 oant 1651, fûn der in grutte taname fan it tal rōnin plak fanwegen it útsûnderlik grutte tal konfiskaasjes fan 'e lienen fan daimyō yn dy tiid.
Yn it moderne Japan wurdt de term "rōnin" brûkt foar in wurknimmer dy't ûntslach krigen en noch gjin nije baan fûn hat, en foar ien dy't slagge is foar de eineksamens fan 'e middelbere skoalle, mar dy't him noch net ynskriuwe litten hat foar in universiteit.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.