From Wikipedia, the free encyclopedia
Piter Lycklama à Nijeholt (Boalsert, 25 augustus 1842 – Swol, 15 juny 1913) is in ôfstammeling fan de famylje Lycklama à Nijeholt. Syn heit wie arts en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy troude op 16 novimber 1866 mei Catharina Elisabeth Margaretha de Kok. Piter wie ûnder oare marine-offisier en boargemaster fan ferskate gemeenten.
Hy studearre oan it Keninklik Ynstitút foar de Marine yn Den Helder, dêrnei wurke hy yn ferskate iepenbiere funksjes. Fan 1 july 1863 oant 1 oktober 1867 wie hy marine-offisier. Dêrnei wie boargemaster fan Frjentsjer fan 20 febrewaris 1868 oant 15 oktober 1882, fan Ljouwerteradiel fan 15 oktober 1882 oant 1 novimber 1883, fan Ljouwert fan 1 novimber 1883 oant 1 desimber 1891 en fan Rotterdam fan 1 desimber 1891 oant 1 desimber 1893. Nei syn perioade as boargemaster fan Rotterdam waard hy Kommissaris fan de Keninginne yn Oerisel fan 1 desimber 1893 oant 1 augustus 1909.
Lycklama à Nijeholt waard Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.