Mr. Philippus Josephus Ignatius Maria (Philip) Houben (De Haach, 29 jannewaris 1941 - Maastricht, 23 april 2017), is in âld-politikus fan de KVP en letter fan it CDA.
Yn april 1972 waard er boargemaster fan de doetiidske Fryske gemeente Haskerlân en sân jier letter waard er foarsitter fan it gewest Twinte. Syn lêste funksje wie it boargemasterskip fan Maastricht. Hy wie dat fan 1985 oant 2002. Syn opfolger wie yn 2002 Gerd Leers.
Houben hat it lanlike nijs meardere kearen helle. Sa wie er twa kear gasthear by in Eurotop, ûnder oare yn 1992 dêr't de komst fan de Euro fêstlein waard yn it Ferdrach fan Maastricht. Ek helle er yn it begjin fan de jierren 90 fan de 20e iuw it nijs fanwegen it skjinfeien fan in iepenbier ferbliuwplak foar ferslaafden (lokaal better bekend as it junkepark) yn it stedsdiel Wyck fan Maastricht.
Philip Houben stoar yn 2017 yn de âldens fan 76 jier oan kanker nei in koart siikbêd.
Ferskaat
Houben hie in soad gefoel foar teater en kabaret. Dat die ûnder oare bliken út syn jierrenlange optredens by de kaai-oerlanging op de sneon foar karnaval op it stedhûs fan Maastricht.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.