From Wikipedia, the free encyclopedia
Paul Cornu (Glos-la-Ferrière, 1881 - Lisieux, 6 juny 1944) wie in Frânsk fytsmakker en útfiner dy't as earste, op 13 novimber 1907, in frije flecht yn in helikopter makke.
Hy makke dizze flecht yn it plakje Coquainvilliers en fleach 20 sekonden lang en 1,50 meter heech. De 6,20 meter lange helikopter (ek wol bekend as de "fleanende fyts") bestie út in 24 hk Antoinette-motor en twa tsjinsteld draaiende rotors, mei in diameter fan 6 meter, om it koppel tsjin te gean. It tastel hie in startgewicht fan 260 kg en it hie as primitive foarm fan bestjoering oan beide siden in lytse fleugel.
Yn 1906 waard yn Dútslân in priis yn it foarútsjoch steld foar dejinge dy't oer in parkoers fan 1 kilometer fleane koe. Dit wie de Deutsch-Archdeacon Preise. Paul Cornu skreau him yn en wist fan freonen genôch jild by elkoar te krijen om mei te dwaan. De Deutsch-Archdeaconpriis waard úteinlik wûn troch Henri Farman.
Paul Cornu hie as test earst in skealmodel makke, mei rotors fan 2,25m yn diameter en in 2pk Buchet-motor. Hy brûkte in sek sân as ballêst. Yn de rin fan de ûntwikkeling waard it skealmodel ferfongen troch in tastel op wiere grutte en waarden de sânsekken úteinlik ferfongen troch de piloat. Mei in letter model kaam hy oant 6 meter hichte. Syn finansjele situaasje, it weibliuwen fan publisiteit en de ûnmooglikheden fan it tastel late derta dat Paul Cornu de fierdere ûntwikkeling yn 1909 staakte.
By in bombardemint fan de Alliearden oan it begjin fan D-Day waard syn hûs rekke en kaam Paul Cornu te ferstjerren.
De bruorren Wright, de earsten dy't fleagen mei in motorisearre fleantúch, wiene ek fytsmakker.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.