From Wikipedia, the free encyclopedia
In panteön, fan it Grykske παν, pan ("alle") en θεος, theos ("god"), is de oantsjutting foar it totaal oan goaden en godheden fan in beskate religy. Dêrby wurdt dizze term fral brûkt as it om in polyteïstyske godstsjinst giet, mei in frij grut tal goaden en mei boppedat in dúdlike struktuer yn 'e ûnderlinge ferhâldings tusken sokke goaden, dy't him yn 'e regel uteret yn omskreaune famyljeferhâldings en in ôfbeakene taakferdieling. In goed foarbyld fan sa'n religy is it Grykske heidendom.
Oarspronklik wie de beneaming 'panteön' yn it Gryksk yn gebrûk as oantsjutting foar in timpel dy't bedoeld wie foar de ferearing fan alle goaden (en dy't dus net wijd wie oan ien spesifike god of goadinne). Sûnt de Ferljochting wurdt de term 'panteön' ek wol brûkt yn oerdrachtlike sin, foar de sammele elite fan in beskate kultuer of maatskippij of fan in diel fan in kultuer of maatskippij. Sa soe men yn heechdravende taal bgl. de produsinten en regisseurs fan Hollywood omskriuwe kinne as in panteön.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.