From Wikipedia, the free encyclopedia
Paleis fan Justysje Ljouwert is in gerjochtsgebou yn Ljouwert.
It neoklassisistyske gebou út 1851 is in ûntwerp fan Thomas Adrianus Romein. De foargevel hat in Korintyske pyldergeanderij en in fronton mei it Rykswapen. Fan stedsarsjitekt Romein is ek it Beurs- en waachgebou út 1880.
It Paleis waard oarspronklik boud foar it provinsjaal gerjochtshôf. Oant twa kear ta is dit gebou werboud nei in ferwoastgjende brân. Mar njoggen jier nei de bou baarnde it gebou folslein ôf. Nei't it fannijs bou wie barde itselde op 7 febrewaris 1919. In oanbaarnd pantsje brij wie de oarsaak.
Doe 't de Dútsers har yn 1945 weromlutsen, besochten se dit gebou te ferneatigjen. De skea bleau lykwols beheind.
It Paleis fan Justysje oan de westside fan it Wilhelminaplein is ien fan de twa lokaasjes dêr’t it gerjochtshof fan Ljouwert sit. De oare fêste sittingslokaasje is it paleis fan justysje Arnhem. It oare gerjochtsgebou is it Hofkertier út 1994 fan arsjitekt Abe Bonnema oan de súdside fan it Saailân Dêr't in soad fan de riedshearen en meiwurkers harren keamer hawwe.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paleis van Justitie (Leeuwarden) fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.