Nederlânske arsjitekt From Wikipedia, the free encyclopedia
Pierre Cuypers, folút Petrus Johannes Hubertus Cuypers (Roermond 16 maaie 1827 - dêre, 3 maart 1921) wie in arsjitekt út de 19e iuw. Hy gie nei de keunstakademy yn Antwerpen en waard ûnderwiisd yn it Klassisisme. Troch syn reizen seach er benammen yn Dútslân in soad romaanske en goatyske tsjerken. Benammen de Keulske Dom hie syn belangstelling.
Syn earste wurk wie de restauraasje fan de Munstertsjerke yn Roermond. Troch stúdzje fan de Midsiuwske boukeunst en it tapassen fan nije techniken is hy tige ferneamd wurden.
Hy is benammen bekend wurden troch it Ryksmuseum en it Sintraal Stasjon yn Amsterdam, kastiel De Haar yn Haarzuilens en syn tsjerken. Hy hat mei-inoar sa'n santich neo-Romaanske tsjerken ûntwurpen, wêrfan sân yn Fryslân:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.