De Orkney-eilannen of Orkaden (Skotsk-Gaelysk: Àrcaibh, Ingelsk en Skotsk: Orkney as Orkney Islands) binne in groep fan likernôch 200 lytse eilannen dy't 16 km benoarden Caithness yn Noard-Skotlân foar de kust lizze. De Orkney-eilannen foarmje yn 'e mande mei de noardliker leine Sjetlâneilannen de Noardlike Eilannen fan Skotlân. Orkney is (sûnt 1975) fierders ek ien fan de riedsgebieten (council areas) en lieutenancy areas fan Skotlân. It grutste eilân hjit Mainland. Totaal binne sa'n 20 eilannen bewenne. Mainland (Stromness) is te berikken mei in fearboat út Thurso yn Skotlân wei. It haadplak is Kirkwall en de riedskrite hat 20.100 ynwenners (2010) .
Lânbou is hjoeddedei de wichtichste ynkomstenboarne, útsoarte kofeehâlderij en suvelproduksje. Dêrnjonken destillearjen (Highland Park Single Malt-whisky), toerisme en oalje dat yn de Noardsee wûn wurdt en oer de Orkney's nei Europa foar fierdere ferwurking giet.
Eilannen
De wichtichste eilannen binne:
- Mainland, dat ferbûn is mei:
- South Ronaldsay
- Burray
- Hoy (mei it heechste punt)
- Flotta (mei in grut oaljeferwurkjend bedriuw)
- Eday
- Egilsay
- North Ronaldsay
- Rousay
- Westray
- Papa Westray
- Sanday
- Stronsay
- Shapinsay
- Wyre
Plakken
Orkney's haadstêd Kirkwall leit op Mainland; it is in lyts havenstedsje mei sa'n 7000 ynwenners. Dêr stiet ek de Sint Magnus Katedraal. It iennige oare grutte plak is Stromness yn it westen fan Mainland, mei likernôch 2000 ynwenners. Op it tredde plak stiet St Margaret's Hope, op South Ronaldsay.
Skiednis
Prehistoarje
De earste minsken festigen har op Orkney yn it fjirde millennium foar Kristus. It Neolitysk Hert fan Orkney, dat bestiet út Skara Brae, de Stones of Stenness, de Ring fan Brodgar en de tombe Maes Howe, is in wrâlderfgoed dat in goed oersjoch fan de stientiid jout. Teffens binne der op de Orkney-eilannen in protte archeologyske fynsten út de brûnstiid en de izertiid dien, lykas de brochs[1] en Earth Houses. Foarbylden dêrfan binne de Broch fan Gurness, op it noardlik part fan Mainland, en it Grain Earth House yn Kirkwall. De Pikten wiene de bewenners fan de Orkaden yn dy lêste tiidrekken.
De earste skriftlike fernijing fan Orkney (as "Orkas") stammet fan de Gryk Pytheas, dy't 325 f.Kr. Grut-Brittanje omsile[2], yn syn wurk Ta peri tu Ōkeanu dat ferlern gien is, mar hy wurdt oanhelle yn oerlevere wurken fan Timaeus, yn de Geographika fan Strabo, Naturalis historia troch Plinius de Aldere en Bibliotheca historica fan Diodoros fan Sisylje.
De midsiuwen
De 8e en 9e iuw waarden de eilannen koloanisearre troch Wytsingen. Sadwaande waard Orkney in sintrum fan de Wytsingebeskaving fan Grut-Brittanje. De skiednis fan Orkney stiet beskreaun yn de Orkneyinga Saga [3]. De ynfloed fan de Wytsingen rikte oant yn de 19e iuw doe't dêr noch Norn sprutsen waard ynstee fan Skotsk-Gaelysk. In protte plaknammen komme ek út it Norn.
Skotske tiid
Oan de ein fan de midsiuwen waard Orkney as breidsskat oan Skotlân jûn. Dat waard in tiidrek fan dusoarder. Yn de 18e iuw wie der in bloeiperioade fanwege de produksje fan potjiske út it ferbaarnen fan seewier. Potjiske waard brûkt yn de glêsyndustry. In protte hearehuzen datearje út dy tiid.
Scapa Flow
De Orkney-eilannen spilen in wichtige rol yn de beide wrâldkrigen, meidat hja mei in baai yn 'e lijte, mei de namme Scapa Flow, in natuerlike haven wienen foar de Britske float. Yn 1939 slagge it in Dútske U-boat en bring it âlde slachskip HMS Royal Oak te sink yn Scapa Flow; 833 lju oan board ferlearen it libben.
Literatuer
- Margot Livesey, The Flight of Gemma Hardy (a novel). HarperCollins, 2012. ISBN 978-0-06-206422-6
- Fresson, Captain E. E. Air Road to the Isles. (2008) Kea Publishing. ISBN 978-0-9518958-9-4
- Lo Bao, Phil and Hutchison, Iain (2002) BEAline to the Islands. Kea Publishing. ISBN 978-0-9518958-4-9
- Warner, Guy (2005) Orkney by Air. Kea Publishing. ISBN 978-0-9518958-7-0
- Batey, C.E. et al (eds.) (1995) The Viking Age in Caithness, Orkney and the North Atlantic. Edinburgh University Press. ISBN 978-0-7486-0632-0
- Nicol, Christopher (2012) Eric Linklater's Private Angelo and The Dark of Summer Glasgow: ASLS ISBN 978-1906841119
Keppelings om utens
- Orkney.com oer fan alles wat Orkney oanbelanget
- Orkney Islands Council, webstee fan de pleatslike oerheid
- Orkneyjar, in Orcadian History and Heritage Site
- Spirit-of-Orkney, oer skiednis en erfskip
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.