Onze Eeuw
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Onze Eeuw wie in Nederlânsktalich tydskrift dat fan 1900 oant 1924 ferskynde. It blêd ferskynde alle moannen en hie de ûndertitel "Maandschrift voor staatskunde, letteren, wetenschap en kunst". De Erven F. Bohn yn Haarlim wie de útjouwer.
De redaksje bestie yn it earste jier út P.J. Blok, P.D. Chantepie de la Saussaye, G.F. Haspels, E.B. Kielstra, Jhr. H. Smissaert, W. Van der Vlugt en Jhr. B.H.C.K. Van der Wijck.
Onze Eeuw publisearre ûnder oare artikelen oer Nederlânske skiednis en de redaksje skreau resinsjes oer nij ferskynde boeken.
Ter Laan hat it yn syn Beknopte Nederlandse Encyclopedie oer in 'âld-liberaal tydskrift op it mêd fan steatkunde, sosjaal libben, letteren en keunst, 1902-'24. Mei Haspels as letterkundich beoardieler, en dêrnei mei oersichten fan Fr. Dr. A.S.C. de Koe'.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.