De oblast Smolensk (Russysk: Смоленская Область; Smolenskaja oblast) is in oblast yn it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. De oblast leit yn it wêsten fan it lân oan de grins mei Wyt-Ruslân. De haadstêd is Smolensk.
Smolensk oblast
Смоленская Область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sintraal |
ekonomyske regio | Sintraal |
haadplak | Smolensk |
grutste plak | Smolensk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen 94,6% Oekraïners (1,3%), Wytrussen (1,3%) 2010 |
sifers | |
ynwennertal | 909.856 (2022) |
oerflak | 44.329 km² |
befolkingstichtens | 18,28 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 27 septimber 1937 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 54° 46' N 32° 02' E |
webside | admin.smolensk.ru |
Skiednis
De regio wie yn de 12e iuw in ûnôfhinklik foarstedom Smolensk, dat sûnt healwei de 13e iuw jimmeroan lytser waard. Sûnt 1404 wie it ûnderdiel fan it Grutharochdom Litouwen en sûnt 1514 fan it Grutfoarstedom Moskou. Nei de Tiid fan Unstjoer waard yn 1618 it gebiet oan it Gruthartochdom Litouwen jûn en lang om let wer yn de tiid fan de Russysk-Poalske oarloch (1654-1667) werom ferovere. Yn 1708 waard it gûvernemint Smolensk stifte, dat oant 1929 bestie.
De hjoeddeiske oblast bestiet sûnt 1937 ûnder de hjoeddeiske namme en ûnstie út de yn 1929 út gebieten fan ferskillende gûverneminten oprjochte West-Oblast.
Tusken july 1941 en septimber 1943 besette Nazy-Dútslân de oblast. It bekende Smolensker Argyf fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny dat nei de oermastering fan de stêd op 15 july 1941 troch de Wehrmacht nei Hitler-Dútslân stjoerd waard en letter foar propagandadoelen troch de Feriene Steaten brûkt waard, is yn 2003 werom jûn.
By de ramp op 10 april 2010 stoartte in Tûpolev Tu-154 fan de Poalske loftmacht by it naderjen fan it fleanfjild fan Smolensk del, werby't alle reizgers omkamen. Dêrûnder ek de Poalske presidint Lech Kaczynski, dy't mei politisi en oare hege fertsjintwurdigers út de Poalske mienskip in plechtichheid bywenje soene yn it ramt fan de betinking dat it 70 jier lyn wie dat by Katyn Poalske ofsieren troch de NKVD fermoarde waarden.
Geografy
De oblasts Smolensk grinzget yn it westen oan Wyt-Ruslân en dat mei de klok mei oan de oblasten Pskov, Tver, Moskou, Kalûga en yn it suden oan de oblast Brjansk.
De oblast bestiet foar in grut part út it heuvellân, dat fan east nei wêst troch de Dnjepr midstwa snien wurdt. De oblast is ryk oan bosk, dat foar likernôch 38% it oerflak ynnimt.
De maksimale ôfstân fan noard nei sud is 300 km en fan west nei east 290 km.
Ekonomy
Oer de oblast rinne geunstige ferkearsferbinings lykas de M-1, dy't Moskou mei Wyt-Ruslân en West-Europa ferbynt, de A10 (Moskou-Warsjau) en de P120 (Orjol-Vitebsk).
De bosken yn de oblast foarmje in wichtich ûnderdiel foar de ekonomy en meitsje houtyndustry en toerisme mooglik. Dêrnjonken is der metaalyndustry en masinebou en wurdt der in soad dien oan it slypjen fan diamanten.
Klimaat
It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De trochsneed temperatuer is yn jannewaris -6 oant -9 °S en yn july +17 oant +19 °S.
Bestjoerlike yndieling en stêden
De oblast Smolensk is ûnderferdield yn 25 rajons en twa stedsdistrikten. Der binne 15 stêden en 10 plakken mei in stedsk karakter.
De grutste stêden binne njonken Smolensk Roslavl, Vjazma en Jartsevo.
Namme | Russysk | Ynwenners (2021 / 2022*) [1] | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Smolensk | Смоленск | 317.170* | 54° 46' N 32° 02' E | |
Vjazma | Вязьма | 52.434 | 55° 12' N 34° 17' E | |
Roslavl | Рославль | 48.228 | 53° 57' N 32° 51' E | |
Jartsevo | Ярцево | 42.385 | 55° 04' N 32° 41' E | |
Safonovo | Сафоново | 40.537 | 55° 06' N 33° 15' E | |
Gagarin | Гагарин | 28.702 | 55° 33' N 35° 0' E | |
Desnogorsk | Десногорск | 29.677 | 54° 09' N 33° 17' E |
Befolkingsûntwikkeling
Jier | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 1.525.279 | 2.292.290 | 2.686.029 | 1.142.969 | 1.106.066 | 1.116.459 | 1.153.569 | 1.049.574 | 985.537 | 909.856 |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.