De oblast Lipetsk (Russysk: Липецкая область; Lipetskaja oblast) is in oblast yn it súdwestlike diel fan Europeesk Ruslân.

Fluch de feiten flagge, wapen ...
Lipetsk oblast

Липецкая область

Thumb
flagge wapen
Thumb
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktSintraal
ekonomyske regioSintraal-Tsjernozjom
haadplakLipetsk
grutste plakLipetsk
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (96,3 %), Oekraïners (0,9 %)
Armeenjers (0,6%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal1.113.680 (2022)
oerflak24.047 km²
befolkingstichtens46,31 ynw. / km²
oar
stifting23 septimber 1937
tiidsôneUTC +3
koördinaten52° 42' N 39° 12' E
websidewww.admlr.lipetsk.ru
Slute

Troch de oblast, dy't yn de Easteuropeeske Leechflakte leit, streamt de rivier de Don. De oblast is wichtich foar de ynfrastruktuer fan de federaasje en ferbynt bygelyks Moskou mei de noardlike Kaukasus.

Ekonomy

Belangrike bedriuwsektoaren binne de masinebou en de stielferwurking. Tusken de haadstêd Lipetsk en de stêd Grjazi is sûnt 2005 de 1027 hektare grutte spesjale yndustriële sône oanlein.

Bestjoersyndieling en stêden

Thumb
Bestjoersgebou fan de oblast yn Lipetsk

De oblast bestiet út 18 rajons en de twa stedsdistsrikten Lipetsk en Jelets. Meiïnoar lizze der acht stêden yn de oblast. Bestjoerssintrum is Lipetsk.

Mear ynformaasje Namme, Russysk ...
Namme Russysk Stedsdistrikt/Rajon Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
DankovДанковRajon Dankov18.31153° 15' N 39° 09' E
GrjaziГрязиRajon Grjazi46.05452° 30' N 39° 56' E
JeletsЕлецStedsdistrikt99.20852° 37' N 38° 28' E
LebedjanЛебедяньRajon Lebedjan18.62753° 00' N 39° 07' E
LipetskЛипецкStedsdistrikt496.44752° 37' N 39° 36' E
ZadonskЗадонскRajon Zadonsk9.36652° 23' N 38° 55' E
TsjaplyginЧаплыгинRajon Tsjaplygin11.62153° 14' N 39° 58' E
UsmanУсманьRajon Usman19.30252° 3' N 39° 448' E
Slute

Befolkingsûntwikkeling

Mear ynformaasje Jier ...
Jier19261939195919701979198920022022
Ynwenners1.478.0001.353.0001.142.0001.224.0001.225.0001.230.0001.213.5001.113.680
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.