Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Njoggenjierrige Oarloch of Njoggenjierrige Kriich duorre fan 1688 oant 1697 en waard yn Jeropa fierd troch Loadewyk XIV fan Frankryk tsjin de Nederlânske Republyk, Eastenryk, Ingelân, Spanje en Savoye om de Frânske hegemony yn Jeropa.
Yn 1688 foel Frankryk Dútslân oan en dat joech Willem III de gelegenheid mei syn al earder betochte ekspedysje nei Ingelân útein te setten. Loadewyk XIV besocht om de, troch Willem III ferdreaune, Jakobus II wer op de troan te krijen, mar dat mislearre troch nederlagen yn de slach oan de Boyne (1690) en yn de seeslach by La Hogue (1692).
It leger fan de Frânske kening helle lykwols wol oerwinnings op it Jeropeesk kontinint (Fleurus, oermastering fan Namen, slach by Neerwinde). Doe't de Spaanske súksesjekwestje oan de oarder kaam, slagge it de Frânske diplomasy earst frede te sluten mei de seemachten en dêrnei ek mei de oare bûnsmaten. Yn oktober 1697 waard de Frede fan Ryswyk sletten, dy't foar alle partijen gjin beslissend foardiel opsmiet. Neffens it Barriêreferdrach mocht de Republyk garnizoenen legerje yn in rige stêden yn de Spaanske Nederlannen, lykas yn Nijpoarte en Koartryk, dy't dêrom barriêrestêden neamd waarden.
Troch net ien fan de partijen waarden de fredesbetingsten as foarfêst sjoen. Frankryk bleau de machtichste steat fan Jeropa en bleau in rivaal foar de Dútske keizer by syn oanspraken op de Spaanske troan, dy't al gau fakant wurde soe as Karel II fan Spanje sûnder neiteam stjerre soe. De noch bluodderigere Spaanske Suksesje-oarloch liet dan ek net lang op him wachtsje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.