It Gryksk is an Yndo-Jeropeeske taal. It is de offisjele taal fan Grikelân en Syprus. De taal waard eartiids sprutsen yn Grikelân, by de kust fan Lyts-Aazje lâns en yn it súdlike part fan Itaalje. De Griken neame harren taal Ελληνικά (Helleniká).
Gryksk | ||
algemien | ||
eigen namme | Ελληνικά | |
lânseigen yn | Grikelân, Syprus | |
tal sprekkers | 15 miljoen | |
skrift | Gryksk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Gryksk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Grikelân, Syprus en de Jeropeeske Uny |
It Gryksk hat in skiednis fan mear as 3,500 jier. It is âlder as de measte Jeropeeske talen. Hjoed de dei prate sa'n 15 miljoen minsken Gryksk. Dy sprekkers libje foar it meastepart yn Grikelân en op Syprus.
De Griken hawwe harren eigen alfabet. It Latynske alfabet (dat wy brûke foar it Frysk en in protte oare talen) komme fan it Grykske alfabet. It Grykske alfabet wie ek de grûnslach foar oare alfabetten, lykas it Sirrilyske alfabet. De Griken hawwe it alfabet net útfûn, dat kaam fan de Foenysjers.
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Grykske ferzje. |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.