Nij-Apostoalyske Tsjerke (Middelseeleane, Snits)

From Wikipedia, the free encyclopedia

Nij-Apostoalyske Tsjerke (Middelseeleane, Snits)

De Nij-Apostoalyske tsjerke is in tsjerkegebou oan 'e Middelseeleane yn 'e wyk Stedsfinne fan Snits.

Fluch de feiten
Nij-Apostoalyske Tsjerke
Thumb
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adresMiddelseeleane 8
koördinaten53°02' N 5°40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipNij-Apostoalyske Tsjerke yn Nederlân
Arsjitektuer
arsjitektW.C. van Asperen
boujier1974
Webside
Side gemeente
Kaart
Thumb
Slute

Skiednis

De tsjerke is boud yn 1974 en yn 1996 útwreide. It gebou is in ûntwerp fan Willem Cornelis van Asperen en hie doe plak foar 250 tsjerkegongers.

Snits hie foarhinne twa Nij-Apostoalyske tsjerken. De oare tsjerke stie yn 'e wyk Sperkhim oan 'e Johan Willem Frisostrjitte. Yn 2021 waard dêr foar it lêst in tsjinst fierd en de leden fan dy gemeente binne by de gemeente fan 'e Stedsfinne foege. Om it tanommen oantal leden plak te jaan is de tsjerke oan 'e Middelseeleane renovearre.

Oargel

De tsjerke hat sûnt 2007 in elektrysk oargel fan it type Monarke Bach Sonate.


Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.