From Wikipedia, the free encyclopedia
Nes is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Nes leit noardlik fan Easternijtsjerk, eastlik fan Wierum, westlik fan Moddergat en besuden de Waadsee. Nes hat 375 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen om de tsjerke op de terp fan Nes.
Nes | ||
Keatsbuorren | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 375 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,52 km², wêrfan lân: 7,48 km² wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 49,5 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 6° 5' E | |
Offisjele webside | ||
nes-nof.nl | ||
Kaart | ||
De buorskip Wie heart by Nes. Earder hearde de buorskip Nesser Grou ek by Nes mar dy buorskip bestiet net mear.
In nes is in útstekkende lânpunt, en is besibbe oan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn 1369 as Nesse. Yn 1453 wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn 1466 wurdt it skreaun as Nees. Yn 1511 en oare 16e-iuwske kaarten komt de namme Nes(s) foar. De buorskip Nesser Grou is dan in ûnderdiel fan it doarp.
It gebiet is yn de 12e iuw bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de 13e iuw. Nei de reformaasje foarme Nes mei it oanbuorjende Wierum ien herfoarme gemeente.
Yn 1639 wurdt der foar it earst sprutsen fan in nôtmûne yn Nes. Yn 1734 waaide dy standertmûne om en waard er ferfongen troch in achtkante mûne mei omrin, dy't yn 1891 ôfbaarnde. De nije mûne fan 1897 hat tsjinne oant 1945, de stiennen ûnderbou is sloopt ein jierren 1970. [3]
Súdwestlik fan it doarp leit de beskerme terp Wie. Neffens de Schotanuskaart leinen dêr trije stimhawwende pleatsen. Wopke Eekhoff neamt ien dêrfan Wat State.[4]
Sûnt 2019 leit Nes yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Doarpsferiening Nes hat har gearkomsten yn doarpshûs De Nespel en de doarpskrante hjit NesNijs. Der is in aktiviteitekommisje, in Grienkommisje, in Keatskommisje en in jeugdhonk 'Us Paleis'. Foar mear ynformaasje sjoch op de ynternetside http://www.nesdongeradeel.nl/
'De Tarissing' wie de protestantsk-kristlike basisskoalle fan Nes, dy't yn 2006 sletten waard. Bern fan Nes geane tsintwurdich nei it oanbuorjende Easternijtsjerk nei skoalle.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2014 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1275* | 1219* | 622 | 605 | 572 | 450 | 360 | 361 | 370 |
Jier | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | ||
Ynwenners | 375 | 375 | 375 | 385 | 365 | 390 | 370 |
Yn de eardere iepenbiere skoalle eksposearje wikseljende keunstners harren wurk ûnder de namme Gang. Dielnimmers wienen ûnder oare:
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.