From Wikipedia, the free encyclopedia
Nebel im August (Frysk: Mist yn Augustus) is in film fan de Dútske regisseur Kai Wessel. De film is basearre op it boek Nebel im August: Die Lebensgeschichte des Ernst Lossa fan de skriuwer Robert Domes. De film gyng op 29 septimber 2016 yn de Dútske stêd Essen yn premjêre.
Nebel im August | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Kai Wessel | |
produsint | Ulrich Limmer | |
senario | Holger Karsten Schmidt | |
spilers | ||
haadrollen | Ivo Pietzcker, Sebastian Koch, Fritzi Haberlandt | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Dútslân Eastenryk | |
premiêre | 29 septimber, 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | drama | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 126 minuten |
Nebel im August lit it wier barde ferhaal sjen fan de 13-jierrige Ernst Lossa yn it begjin fan de jierren 1940. Ernst is in bern út de semy-nomadyske minderheid fan de Jeenjers. Yn 1942 wurdt er fan syn famylje skieden, syn mem is dan al ferstoarn, en as in dreech op te fieden jonge yn in psychiatryske ynstelling yn Súd-Dútslân ûnderbrocht.
Erst Lossa stiet yn de film foar de likernôch 200.000 slachtoffers, dy't yn de oarlochsjierrren tidens de Aktion Gnadentod troch artsen en ferpleegjend persoaniel yn de psychiatryske sikenhûzen en ynstellings fan Nazy-Dútslân fermoarde waarden.
De film waard yn Dútslân meardere kearen bekroand.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.