From Wikipedia, the free encyclopedia
De Nêzjd (Arabysk: نجد , [nɛ:ʤd]) is ien fan 'e histoaryske kriten fan it Arabysk Skiereilân. De regio beslacht tsjintwurdich it woastinige binnenlân fan Saûdy-Araabje, mar wie foar 1932 in ûnôfhinklik lân. De grutste stêd yn 'e Nêzjd is de Saûdyske haadstêd Ar-Riaad, en de Nêzjdyske Arabieren, dy't fan oarsprong woastynbedoeïnen wiene, foarmje de dominante befolkingsgroep fan Saûdy-Araabje. Oars as de Hidjas, de westkust fan it Arabysk Skiereilân (dy't de oare wichtige regio fan Saûdy-Araabje foarmet), hat de Nêzjd troch syn ôfhandige lizzing en woastinige karakter yn it ferline net in protte útlânske ynfloeden ûndergien.
Yn 'e Aldheid waard de Nêzjd bewenne troch in ferskaat oan Arabyske stammen, wêrûnder de Taj, dy't yn 115 n.Kr. út Jemen weiteagen en har yn 'e noardlike Nêzjd nei wenjen setten. Dêr pasten hja har oan 'e omstannichheden oan en ûntjoegen har ta bedoeïnen. Fan 'e fyfde iuw ôf begûnen útlânske grutmachten, lykas it Byzantynske Ryk en it Perzyske Ryk fazalsteatsjes op te setten yn 'e Nêzjd om 'e wichtige hannelsrûte fan Syrje nei Jemen te befeiligjen. Sokke steatsjes wiene gjin sintralisearre keninkriken, mar earder konfederaasjes fan in stikmannich ûnderskate stammen. Ien fan 'e Nêzjdyske stammen, de Kinditen, besocht yn 'e sechsde iuw foar it earst om alle stammen fan sintraal Araabje te ferienjen.
Yn 'e sânde iuw fierden de moslims noch by it libben fan 'e profeet Mohammed de earste militêre ekspedysjes yn 'e Nêzjd út, sij it net tsjin 'e lânseigen stammen dêre, mar tsjin hannelskarafanen fan harren fijannen, de Mekkanen. Neitiid joegen in protte Nêzjdyske stammen har by Mohammed-en-dy. Nei it ferstjerren fan 'e profeet, yn 632, besochten de measte stammen lykwols har selsstannichheid werom te winnen, en stiene der yn 'e Nêzjd ferskate nije profeten op, lykas Mûsailima, út 'e fruchtbere krite fan Jamama, en Tûlaiha, in stamhaad fan 'e Bany Asad. Harren opstannen waarden lykwols delslein troch de earste kalyf, Abû Bakr. Neitiid hearde de Nêzjd ta it Islamityske Ryk oant dat nei ferrin fan ferskate iuwen útinoar foel.
Tsjin 'e Midsiuwen wie it Arabysk Skiereilân ferwurden ta in ûnbelangryk gewest yn 'e perifery, mei't Syrje, Mesopotaamje, Egypte en sels Spanje har ûnderwilens ta folle wichtiger islamityske sintra ûntwikkele hiene. De yn wêzen útlânske hearskers, dy't harren sit yn Damaskus, Bagdad of Kaïro hiene, koene net in protte belangstelling opbringe foar de Nêzjd, mei as gefolch dat de krite weromkearde nei de pre-islamityske sitewaasje, wêrby't de ôfsûnderlike stammen feitliks folslein ûnôfhinklik wiene wylst se ûnderling tsierden en fetes útfochten. Yn 'e sechstjinde iuw feroveren de Osmaanske Turken de Hidjas (de Reade-Seekust) en teffens de kust fan 'e Perzyske Golf. Mei-iens foegen se ek de dêr tuskenyn leine Nêzjd mar even by harren ryk, ek al hiene se dêr yn 'e praktyk neat yn 'e molke te krommeljen.
Yn 'e 1744 stifte in Nêzjdysk stamhaad, Mohammed bin Saûd, it nei him neamde Hûs fan Saûd, in dynasty dy't noch altyd bestiet en dy't hjoed de dei it nei syn stifter ferneamde Saûdy-Araabje regearret. Mohammed bin Saûd stie sterk ûnder ynfloed fan 'e religieuze foaroanman Mohammed ibn Abd al-Wahab, de stifter fan 'e strang-islamityske streaming fan it wahabisme, en rjochte yn 1744, yn 'e krite om Ar-Riaad hinne, de Earste Saûdyske Steat op. Dy wreide him fluch út en krige frijwol it hiele Arabysk Skiereilân yn 'e macht, mar waard yn 1818 ûnder fuotten helle troch it leger fan Mohammed Ali Pasja, de Osmaanske ûnderkening fan Egypte. De Twadde Saûdyske Steat wie in folle lytser, tribaal sjeikdom om Ar-Riaad hinne, dat yn 1824 stifte waard, mar yn 1890 ferovere waard troch de tradisjonele fijannen fan it Hûs fan Saûd, de Rasjidi's.
Yn 1902 stifte Ibn Saûd, dy't letter de oprjochter en earste kening fan Saûdy-Araabje wurde soe, de Tredde Saûdyske Steat troch Ar-Riaad op 'e Rasjidi's werom te feroverjen. Meitiid wist er de stipe fan 'e Britten te winnen, dy't him fan wapens en munysje foarseagen. Dêrmei dreau er de troch de Osmanen stipe Rasjidi's almar fierder werom nei it noarden, oant yn 1922 mei de ynname fan Hayl de ferovering fan 'e Nêzjd foltôge waard. Ibn Saûd, dy't al sûnt 1902 de titel emir fan de Nêzjd droech, ferhefte himsels doe ta sultan fan de Nêzjd, en nei de ferovering fan 'e Hidjas rôp er himsels yn 1927 út ta kening fan 'e Nêzjd, wêrmei't er syn heitelân op gelikense hichte brocht mei de Hidjas, dat ek in keninkryk wie. Yn 1932 foege er de beide gebieten gear ta ien lân, dat er Saûdy-Araabje neamde.
De Nêzjd beslacht de hjoeddeiske Saûdyske provinsjes Ar-Riaad, Al-Kassim en Hayl, mei in totaal oerflak fan 554.000 km². Yn it easten wurdt it gebiet begrinzge troch de Eastarabyske kustkrite fan 'e Perzyske Golf; yn it noarden troch de Syryske Woastyn; yn it westen troch de bergen fan 'e Hidjas, yn it súdwesten troch Asir en Nadjran, gebieten dy't yn it ferline ta Jemen hearden; en yn it súdeasten troch it Lege Kertier, de Rub’ al-Khali, in woastyn sa ûnherberchsum dat nimmen der wennet.
It Arabyske wurd nêdjd betsjut letterlik "heechlân", en histoarysk waard it brûkt foar ferskate kontreien op it Arabysk Skiereilân. Meitiid waard it lykwols wenst om it inkeld noch foar de krite yn 'e midden fan it skiereilân te brûken. Sa't de namme al oanjout is de Nêzjd in plato dat tusken de 762 en de 1.525 m boppe seenivo leit. Yn it easten is it gebiet fruchtberder en lizze in protte oäzen, mar de rest fan 'e kontrei is kleare woastyn, dêr't fan âlds inkeld nomadyske bedoeïnen mei har kamielen taholden. Yn it noarden, deunby Hayl, leit it Djebel Sjammarberchtme. It lân wurdt trochkrúst troch ferskate drûge rivierbêden of wadys, lykas de Wadi Hanifa by Ar-Riaad, de Wadi Na’am yn it suden en de Wadi al-Rumah yn it noarden. De measte delsettings binne by sokke wadys lâns fêstige, om't dêr faak ûndergrûnske wetterfoarrieden te finen binne.
De Nêzjd hie yn 2010 8,6 miljoen ynwenners, wat delkaam op 28% fan 'e befolking fan Saûdy-Araabje. De grutste stêd wie Ar-Riaad, de Saûdyske haadstêd, mei 4,7 miljoen ynwenners. Oare grutte stêden yn 'e krite wiene Boeraida, mei 506.000 ynwenners, Hayl, mei 413.000 ynwenners, Unaiza, mei 138.000 ywenners, en Ar-Rass, mei 116.000 ynwenners.
De measte Arabyske stammen fan 'e Nêzjd binne fan Adnanityske oarsprong. Harren foarâlden ferfearen yn 'e Aldheid út Tihama en de noardlike Hidjas wei nei de Nêzjd. Oant healwei de tweintichste iuw bestie it meastepart fan 'e Nêzjdyske befolking út nomadyske bedoeïnen, mei dêropta, fral yn 'e oäzes yn it easten, ek sedintêre lânbouwers, keaplju en ambachtslju. In lyts oanpart fan 'e befolking bestiet út neikommelingen fan Afrikaanske of Súdeastjeropeeske slaven (de slavernij waard yn Saûdy-Araabje pas yn 1962 ôfskaft). Sokken binne der lykwols folle minder as yn 'e Hidjas, in gebiet dat mei troch de lokaasje fan 'e hillige stêden Mekka en Medina dêre en de oansûgende wurking dy't dat op moslims út 'e hiele wrâld hie, in folle heterogenere befolking hat as de oanbuorjende Nêzjd. Yn dit ferbân spilen fierders ek de ôfhandige lizzing en ûnmeilydsume klimaat fan de Nêzjd mei, dy't makken dat útlanners it gebiet yn it ferline safolle mooglik mijden.
Hjoed de dei binne der net folle bedoeïnen mear yn 'e Nêzjd dy't noch in nomadysk bestean liede; yn 'e regel hawwe dy har no foarfêst nei wenjen set yn 'e stêden. Sûnt Saûdy-Araabje troch de oaljewinning in ryk lân wurden is, hawwe har yn 'e Nêzjd grutte groepen nijynkommelingen fêstige út alle oare regio's fan Saûdy-Araabje en ek út it bûtenlân. Dêrby giet it benammen om tsjinstfolk út Súd- en Súdeast-Aazje en yn mindere mjitte om heechoplaat personeel út it Westen en út Súd-Aazje. Yn 'e stêd Ar-Riaad allinnich al meitsje bûtenlanners in trêdepart fan 'e befolking út, rom oardel miljoen minsken.
De lânseigen bewenners fan 'e Nêzjd, de Nêzjdyske Arabieren, hingje yn 'e regel de (strange) wahabistyske of salafistyske streamings fan 'e sûnnityske islaam oan. Harren sprektaal is fan âlds it Nêzjdysk-Arabysk, dat troch syn histoaryske isolaasje fan alle Arabyske talen mooglik de minste ynfloeden fan bûtenôf ûndergien hat. Yn Ar-Riaad is it lykwols sûnt de 1960-er jierren tige ûnder ynfloed fan oare Arabyske talen kommen te stean. Mei troch de suverens fan harren taal en ôfstamming, mar perfoarst ek om't de Nêzjdyske Arabieren yn it ferline Saûdy-Araabje stifte hawwe troch alle oare provinsjes te ûnderwerpen, fiele de Nêzjdyske Arabieren har hjoed de dei noch superieur oan 'e oare Arabyske befolkingsgroepen fan Saûdy-Araabje. Hja binne ek noch altyd de dominante befolkingsgroep, mei't út harren fermidden it Saûdyske keningshûs komt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.