From Wikipedia, the free encyclopedia
Monrovia is de haadstêd fan Libearia. It stee leit besuden fan de mûning fan de rivier Sint Paul yn de Atlantyske Oseaan en hat goed 470.000 ynwenners. It is teffens de wichtichste havenstêd fan it lân. Yn de Greater Monrovia District wennen yn 1.010.970 minsken, dat is 29% fan de befolking fan Libearia. Monrovia is yn 1822 stiften. De stêd tanket har namme oan James Monroe, dy't eartiids presidint fan de Feriene Steaten wie.
De omkriten fan Monrovia wie al bewenne doe't Portegeeske seelju it gebiet om 1560 Kaap Mesurado neamden. Yn 1821 arrivearren de earste swarte kolonisten út de Feriene Steaten, ûnder beskerming fan de American Colonization Society, mei as doel it fêstigjen fan in eigen koloanje foar befrijde en emanisipearre negerslaven. Yn Freetown wie dat al slagge.
De kolonisten kamen by it eilân Sherbro oan wâl, mar de ûndernimming wie min organisearre en in protte kolonisten stoaren. Yn 1822 rêde in twadde skip de oerlibjenden en brocht harren nei Kaap Mesurado en fêstige de delsetting Christopolis. Yn 1824 waard de stêd ta Monrovia omdope.
Yn 1845 wie Monrovia it stee dêr't de American Colonization Society in konvinsje hâlde. De American Colonization Society ûnwurp de grûnwet dy't twa jier letter de grûnwet wêze soe fan in selsstannich lân, Libearia.
Oan it begjin fan de 20e iuw wie de stêd yn twaen ferparte:
Fan de 4000 ynwenners wiene der doe 2500 fan Amerikaansk-Liberiaanske komôf. Mar yn 1926 begûnen de folken yn Libearia nei Monrovia te lûken, op syk nei wurk.
Yn 1979 hâlde de Organisaasje fan Afrikaanske Ienheid harren konvinsje yn Monrovia mei de doetiidske presidint fan Monrovia, William Richard Tolbert Jr., as foarsitter. Tolbert fermindere ûnder oare it ynskriuwjild foar de Universiteit fan Libearia mei 50%. In steatsgreep yn 1980 soarge derfoar dat Samuel Doe it regear fan Tolbert ferdreau, dêr't in soad minsken by eksekutearre waarden.
Monrovia waard slim beskeadige yn de Earste Liberiaanse Boargeroarloch, benammen by de Belegering fan Monrovia. Hjirby rekken in soad gebouwen skansearre en waard hast de heule ynfrastruktuer ferwoaste. Grutte gefjochten wienen yn 1990 tusken Samuel Doe's regear en de striidkrêften fan Prins Johnson. Yn 1992 waard Monrovia ek bestoarme troch de National Patriotic Front of Liberia (NPFL), in groep rebellen. De oarloch hat in protte dakleaze bern efterlitten, dy't belutsen wienen by gefjochten (bernsoldaten), of dy't gjin ûnderwiis krigen hienen.
De ekonomy fan de stêd wurdt dominearre troch de haven. Monrovia is it finansjele sintrum fan it lân en de haadfestiging fan de Sintrale Bank fan Libearia stiet dêrom yn de stêd.
Monrovia leit op in skiereilân, tusken de Atlantyske Oseaan en de Mesurado Rivier. De Sint Paul Rivier leit fuort direkt ten noarden fan de stêd. Monrovia is de grutste stêd fan it lân en is it administratyf, finansjeel en kommersjeel sintrum fan it lân.
De grutste attraksjes yn de stêd binne it nasjonale museum, Waterside Market, meardere strannen en in dieretún. De stêd hat ek it Antoinette Tubmanstadion en it Nasjonaal Kompleks. It Nasjonaal Kompleks is mei 40.000 plakken ien fan de grutste stadions yn Afrika.
Yn de stêd wurde ferskate kranten ien kear yn de wike of om de fjirtjin dagen op tabloidformaat printe. Dizze kranten hawwe meastentiids net mear as 20 siden. Telefyzje- en radiostasjons binne beskikber, mar radio is in gruttere nijsboarne as de telefyzje. Problemen mei it elektrisiteitsnetwurk meitsje telefyzje sjen nammentlik folle lestiger. United Nations Mission in Liberia, stjoert sûnt 1 oktober 2003 24 oeren deis út. Hjirmei is dit it earste radiostasjon yn Liberia dat 24 oeren deis útstjoert.
Fearboaten ferbine Freeport of Monrovia mei Greenville en Harper. It fleanfjild dat it tichtste by Monrovia leit is Lofthaven Roberts Internationaal. Dy leit 60 kilometer fan Monrovia ôf en is it ienige ynternasjonale fleanfjild yn it lân. Fia snelwegen en spoarwegen is de stêd mei oare plakken yn it lân ferbûn.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Monrovia fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.