From Wikipedia, the free encyclopedia
Middlesbrough is in stêd en unitary authority yn noardeast-Ingelân yn it seremoniële greefskip Noard-Yorkshire; de stêd leit oan de Noardseekust en de rivier de Tees.
Middlesbrough | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Distrikt | Middlesbrough | |
Greefskip | Noard-Yorkshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 138.400↓ (2011) | |
Oerflak | 53,88 km² | |
Befolkingsticht. | 2.600 / km² | |
Stêdekloft | Teeside: 365.323 (2001) | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside fan Middlesbrough |
Yn 686 waard op it plak fan de stêd fan no troch Cuthbert fan Lindisfarne fanwege Hilda fan Whitby in kleaster stichte. It Benediktinerkleaster waard fan Hindrik VIII yn 1537 opheft, lykas alle oare Ingelske kleasters.
Middlesbrough wie yn 1801 noch mar in plakje mei sa'n 25 ynwenners, mar waard in stêd yn 1830 neidat it bot groeid wie troch de útwreiding fan de yndustriële izerproduksje en de oansluting op it spoar. Om de skipfeart nei de yndustry oan de Tees net te behinderjen waard begjin 20e iuw in sweefbrêge oer de rivier boud. Dy wurdt noch altyd brûkt.
Middlesbrough hat in grut winkelsintrum dat ferparte is yn ferskate lytsere sintrums. It sintrum hat de lêste jierren in metamorfoaze ûndergien.
De stêd hat as ien fan mar in pear Britske stêden in direkt keazen boargemaster.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Middlesbrough fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.