From Wikipedia, the free encyclopedia
Meindert Bylsma (Wergea, 11 novimber 1941) is in Frysk dichter, skriuwer, ûnderwizer en learaar nifelûnderwiis (handenarbeid) út Kimswert.
Meindert Bylsma waard op 11 novimber 1941 berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Nei de militêre tsjinst, waard er ûnderwizer oan in legere skoalle yn Drachten en letter learaar nifeljen oan in middelbere skoalle yn Ynskedee. In pear jier dêrnei fêstige er him yn Kimswert en waard er learaar Nederlânsk en hânfeardigens oan in skoallemienskip yn Harns.
Ynearsten waard Bylsma foaral bekend om syn poëzy. Hy hearde ta in ploech jonge dichters, dy't ein jierren sechtich, begjin jierren santich de literatuer út har ivoaren toer helje woe en om dat te berikken letterlik de strjitte opgongen om foar har meast tagonklike wurk omtinken te freegjen. Foar twa fan syn gedichten krige Bylsma yn 1966 en 1967 in Rely Jorritsmapriis. Syn earste dichtbondel wie De tévé op it jiskelân (1968). Dêrnei folgen noch seis oare bondels, wêrfan't In faai hinnekommen (2001) de lêste wie.
Bylsma's earste koarte ferhalen ferskynden healwei de jierren sechstich, wêrûnder It motyf, dat yn novimber 1967 yn in jongereinnûmer fan it tydskrift De Tsjerne opnommen waard. Ek trije fan Bylsma's ferhalen waarden mei in Rely Jorritsmapriis bekroand (yn 1965, 1968 en 1970). Syn earste novelle wie Boartsjenderwei, dat yn 1981 as spesjaal nûmer fan it literêre blêd Sonde ferskynde. Dêrnei publisearre er de ferhalebondels Praat út in hynstekop (1983) en It grom spat alle kanten út (1986). Yn 1992 folge syn earste roman, Fuortsmytballade yn es. Trije jier letter kaam Hotputs en oare kremearkes út. Oare kremearkes waarden publisearre yn Hite bliksem, it Fryske boekewikegeskink dat Bylsma yn 1997 skreau. In jier letter ferskynde de roman Shit my mar lek. Bylsma's lêste proazawurk is de ferhalebondel Fan flierefluiters en droechstinners (2005).
Bylsma skriuwt ek foar bern: hy levere in grut tal bydragen oan ferskate lês-, sjoch-, en dochboeken, wêrûnder in tal toanielstikjes.
Bylsma wie yn 1968 yn 'e mande mei Josse de Haan en Geart van der Zwaag ien fan de inisjatyfnimmers fan Operaesje Fers. Twa jier letter wie er belutsen by de oprjochting fan de Koperative Utjowerij. Fan 1974 oant 1982 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Sonde en fan 1990 oant 1995 fan it kulturele moanneblêd De Strikel. Fierder wie Bylsma bestjoerslid fan It Skriuwerboun, it FLMD en de stichting It Fryske Boek. Ek wie er lid fan de advyskommisje foar Fryske literatuer fan de provinsje Fryslân.
Hy joech ek bondels yn eigen behear út.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.