Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Meekma Museum op de bûtenpleats Welgelegen yn Harich lit de skiednis fan Meekma Bearenburch sjen. Grûnlizzer fan it bedriuw wie Jan C. Meekma, in boeresoan út Ferwert, dy't earst yn Drachten en dêrnei yn Ljouwert yn drank hannele. Oant 2010 siet it museum yn it hoekpân by de Aldehou dêr't de (ambachtlike) produksje fan it Fryske krûdebitter Meekma Bearenburch oant 2007 dien wie. Letter barde de produksje by destillearderij Toorrank yn Zevenaar.
It museum gie yn 2010 oer fan de Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert nei it 19e iuwske koetshús op it perseel fan it hotel-restaurant op bûtenpleats-hotel Welgelegen yn Harich.
De kolleksje bestiet út balen mei krûden, meubilêr, skealjes, houten fetten, koperen stooktsjettels en oare destillearapparaten. Der sit gjin sliterij by.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.