Max van der Stoel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Max van der Stoel (Voorschoten, 3 augustus 1924 – De Haach, 23 april 2011) wie in foaroansteand Nederlânsk, en ynternasjonaal wurdearre, politikus. Hy wie de spesjale adviseur fan Javier Solana op it mêd fan it Mienskiplik bûtenlânsk en feilichheidsbelied fan de Jeropeeske Uny (2001-2011).

Njonken minister fan Bûtenlânske Saken, wie er ek ambassadeur fan Nederlân by de Feriene Naasjes en de earste Hege Kommissaris oangeande Nasjonale Minderheden fan de OVSE. Yn 1991 waard Van der Stoel foar it libben beneamd ta minister fan Steat.
![]() |
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Max van der Stoel fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.