From Wikipedia, the free encyclopedia
Marten Gerrits Vries (ek wol de Vries en oare nammefarianten) (Harns, 18 febrewaris 1589 - 1647) wie in Nederlânske ûntdekkingsreizger.
De VOC-Keamer fan Hoarn stjoert him as matroas mei op de ’t Wapen fan Hoorn nei Batavia. It skip komt oan op 22 july 1622 nei't it hast fergien wie op de westkust fan it Súdlân (Austraalje). Yn 1638 wurket Vries as lânmjitter op it eilân Formosa. Hy ûnderskiedet him dêr as makker fan in kaart fan it eilân en oanwizings foar de farrûte fan Batavia nei Japan.
Yn 1643 wurde Marten Vries en Hendrick Cornelisz Schaep derop útstjoerd troch Gûverneur-generaal Anthony fan Diemen om it gebiet noardlik en eastlik fan Japan te ferkennen. It doel wie om de út Spaanske ferhalen bekende rike goud- en sulverlannen te finen.
Op 4 april 1643 begjint de reis. Yn in swiere stoarm op 19 maaie foar it eilân Hachi jojima op 32° 33' NB, ferlieze de skippen elkoar út it each by it eilân dat hja Ongeluckich neamden. De Castricum rint hast op de klippen, mar kin trochsile mei ferlies fan ankers. Fan dan ôf kriget it ferhaal twa linen.
De Castricum lannet op 22 maaie op de kust fan Honsjû, pleatslik bekend as Fukushima. Sy wachtsje in wike; de fiskersbefolking komt stikem op besite op it fluitskip en ruilet rikke salm tsjin arak en tabak. Sa't ôfsprutsen wie wurde op fêste tiden it kanon ôfsketten om kontakt te hâlden mei it susterskip de Breskens, mar dat slagge net. Hendrick Cornelisz Schaep lanne op 10 juny 1643 op de kust by Yamada. De bemanning is troch in list (in besite oan koertisanes) fan board lokke, finzen nommen en nei Edo brocht.
Vries besluet fierder te silen en brocht de kustline fan it noardlike Japanske eilân Hokkaido yn kaart, sa ek Oerûp in part fan de Koerilen, en Sachalin, wêr't er as earste Jeropeaan oan lân giet. Sy meitsje kontakt mei it Ainû-folk.
At it jacht de Breskens fuortfearn is fan Yamada en sykje sil nei de goud- en sulvereilannen, komt it op 9 novimber de Castricum op har weromreis tsjin en hearre dan it ferhaal fan skipper Schaep, de ûnderkeapman Bijlevelt, twa jongens en seis matroazen. Op 18 novimber 1643 rinne beide skippen feilich de haven fan Tayouan yn.
It wurk fan Vries wie net sa sekuer. Korea bygelyks, wurdt op syn kaarten as in eilân ôfbylde. Ek de seestrjitte tusken Hokkaido en Sachalin wurdt net oanjûn op syn kaarten. Yn 1646 waard Vries beneamd as kommandeur fan in fiiftal ekspedysjes nei Manilla, mar de oanfal op dy stêd mislearre. Wol waarden in tsjerke en in kleaster ferovere en twa Dominikaner geastliken waarden oerbrocht nei Java. By de lêste ekspedysje koene trije skippen ûntkomme troch in foar harren geunstige wyn. Der wiene doe 600 siken oan board, dêr't Vries ek ûnder wie. Hy stoar ein fan it jier en hat mooglik in seemansgrêf krigen.
It ferslach fan syn reis, optekene troch stjoerman Coen út Hoarn, is bewarre bleaun by de famylje Huydecoper, en is troch Nicolaes Witsen brûkt foar it meitsjen fan kaarten fan Tartarije.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.