From Wikipedia, the free encyclopedia
Marjorie fan Bruce (Ingelsk: Marjorie Bruce; Normandysk-Frânsk: Marjorie de Brus; Cardross, 1296 – Abdij fan Paisley, 2 maart 1316) wie in Skotske prinsesse en it ienlingsbern út it earste houlik fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce. Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch waard hja acht jier lang finzen holden troch de Ingelsen. Neitiid troude Marjorie mei Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân en waard hja sa de stammem fan it Hûs Stuart, dat op 'e Skotske troan kaam doe't it Hûs Bruce yn 1371 yn 'e manlike line útstoar.
Marjorie fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
It gesicht fan Marjorie fan Bruce op har tombe. | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 1296 | |
berteplak | Cardross (Skotlân) | |
stjerdatum | 2 maart 1316 | |
stjerplak | Abdij fan Paisley (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce Hûs Stuart (troch har houlik) | |
etnisiteit | Skotsk Iersk Normandysk Welsk |
Marjorie fan Bruce waard yn 1296 berne yn Cardross Manor, in lânhûs fan 'e greven fan Carrick yn it Skotske Cardross. Har heit wie Robert fan Bruce, greve fan Carrick, dy't oanspraak makke op 'e doedestiden fakante Skotske troan. Har mem, Robert syn earste frou Isabella fan Mar, kaam in pear dagen nei de befalling te ferstjerren. Doe't Marjorie seis jier wie, wertroude har heit mei de Anglo-Ierske ealfrouwe Elizabeth fan Burgh.
Op 27 maart, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, liet Marjorie har heit himsels kroanje ta kening fan Skotlân en waard de doe njoggenjierrige Marjorie in prinsesse. Mei syn kroaning sette Robert fan Bruce it iepentlik yn 'e kant tsjin kening Edwert I fan Ingelân, dy't himsels as de Skotske soeverein beskôge, en twa jier earder, mei de eksekúsje fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, miend hie de einoerwinning behelle te hawwen yn 'e striid om Skotlân.
Koart nei syn kroaning litte Robert fan Bruce mids juny 1306 in nederlaach yn 'e Slach by Methven, en yn augustus fan dat jier kamen de Ingelsen him suver oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie. Dat hy moast halje-trawalje de wyk nimme, wêrnei't er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk gie. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy ta. Dêrûnder wie net inkeld syn dochter Marjorie, mar ek syn frou Elizabeth fan Burgh, syn susters Marije en Kristina en Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan.
Doe't it Kastiel fan Kildrummy troch de Ingelsen belegere waard, wiene de froulju twongen om te flechtsjen. Nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, waard harren selskip lykwols yn Tain finzen nommen troch de Ingelsen. Neil fan Bruce, dy't it kastiel langernôch ferdigene hie dat de froulju fuortkomme koene, waard terjochtsteld, en datselde lot trof de greve fan Atholl. De froulju sels waarden útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Marije fan Bruce en Isabella MacDuff waarden op befel fan Edwert I op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen, sadat se foar eltsenien te sjen wiene. Yn dy steat brochten de folgjende fjouwer jier troch.
Foar Marjorie waard op befel fan Edwert I in koai yn 'e Toer fan Londen boud, mar de kening betocht him en stjoerde har ynstee nei in nonnekleaster yn Watton, dêr't se fjouwer jier lang yn iensume opsluting trochbrocht. Tsjin 1310, doe't har heit ûnderwilens safolle oerwinnings op 'e Ingelsen boekt hie dat hja in weardefolle gizelder wurden wie, waard Marjorie har foarm fan finzenskip wat ferlichte. Yn novimber 1314, nei't de Skotten de Ingelsen ferpletterjend ferslein hiene yn 'e Slach by Bannockburn en dêrby in grut tal Ingelske eallju kriichsfinzen nommen hiene, kaam hja úteinlik frij as ûnderdiel fan in útwikseling fan finzenen.
Werom yn Skotlân waard Marjorie troch har heit, de kening, úthylke oan ien fan syn trouste lienlju, Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân, dy't himsels ek op it slachfjild tige ûnderskaat hie. It houlik fûn plak yn 1315, doe't Marjorie njoggentjin jier wie. Har breidsskat omfette û.m. de barony fan Bathgate, yn West-Lothian (súdeastlik Skotlân). Tsjintwurdich wurdt yn Bathgate noch elts jier op 'e earste sneon yn juny it houlik tusken Marjorie en Walter fierd, wêrby't de plechtichheid en de dêropfolgjende prosesje troch de strjitten troch skoalbern yn kostúm neispile wurdt.
Op 2 maart 1316 wie Marjorie, dy't tsjin dy tiid op alle dagen rûn, út te riden yn 'e omkriten fan Paisley, yn Renfrewshire, doe't har hynder earne kjel fan waard en har ôfsmiet op in plak dat sûnt bekendstiet as The Knock. Op it krúspunt fan Renfrew Road en Dundonald Road yn Paisley stiet in stienbulte dy't de lokaasje fan dat plak markearje soe. Troch de klap rekke Marjorie foartidich yn 'e weeën.
Hja waard halje-trawalje oerbrocht nei de Abdij fan Paisley, dêr't hja koarte tiid letter it libben skonk oan in jonkje, dat yn 1371 as Robert II op 'e Skotske troan komme soe nei't Marjorie har jongere healbroer David II sûnder bern stoarn wie. Marjorie wie noch gjin twa oeren âldkreams doe't hja stoar. Hja waard mar njoggentjin jier âld, krekt sa't har eigen mem (dy't ek yn it kreambêd stoarn wie) opmerklikernôch ek mar njoggentjin jier wurden wie. Fia har soan stamje alle Skotske keningen fanôf 1371, alle Ingelske keningen fanôf 1603 en alle Britske monargen fanôf 1707 fan Marjorie fan Bruce ôf.
16. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
8. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
17. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon | ||||||||||||||||
4. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
18. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford | ||||||||||||||||
9. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford | ||||||||||||||||
19. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke | ||||||||||||||||
2. Robert I, kening fan Skotlân | ||||||||||||||||
20. Cailean, greve fan Carrick | ||||||||||||||||
10. Neil, greve fan Carrick | ||||||||||||||||
21. ûnbekend | ||||||||||||||||
5. Marjorie, grevinne fan Carrick | ||||||||||||||||
22. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân | ||||||||||||||||
11. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald | ||||||||||||||||
23. Bethóc, grevinne fan Angus | ||||||||||||||||
1. Marjorie fan Bruce | ||||||||||||||||
24. Duncan, greve fan Mar | ||||||||||||||||
12. Willem, greve fan Mar | ||||||||||||||||
25. ûnbekend | ||||||||||||||||
6. Donald I, greve fan Mar | ||||||||||||||||
26. Willem Comyn, hear fan Badenoch | ||||||||||||||||
13. Elizabeth Comyn | ||||||||||||||||
27. Marjorie, grevinne fan Buchan | ||||||||||||||||
3. Isabella, grevinne fan Mar | ||||||||||||||||
28. Iorwerth ap Owain Gwyneddioew | ||||||||||||||||
14. Llywelyn de Grutte, prins fan Wales | ||||||||||||||||
29. Marared ferch Madog | ||||||||||||||||
7. Helena de Jongere fan Wales | ||||||||||||||||
15. ûnbekend | ||||||||||||||||
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.