From Wikipedia, the free encyclopedia
De Marije-Himelfeartkatedraal (Russysk: Успенский собор) ek: Uspenskikatedraal, is de grutste tsjerke yn it Kremlyn fan Moskou. It is it âldste folslein bewarre gebou fan 'e Russyske haadstêd. De bou fan 'e tsjintwurdige katedraal fûn yn 'e jierren 1475-1479 plak yn opdracht fan grutfoarst Ivan III. De katedraal spile in grutte rol by wichtige oangelegenheden yn 'e Russyske skiednis: yn 'e katedraal waarden fan 1547 oant 1896 de Russyske tsaren kroand en ek waarden hjir de metropoliten fan Moskou en de patriarchen fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke byset.
Marije-Himelfeartkatedraal
Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | Kremlyn | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 37' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Aristotele Fioravanti | |
boujier | 1475-1479 | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 771510302110346 | |
Webside | ||
assumption-cathedral.kreml.ru | ||
Kaart | ||
De earste stiennen katedraal op dit plak waard yn 'e 14e iuw boud yn it regear fan Ivan I. Dy fan wite stien boude katedraal ferfong in houten tsjerke en wie de earste stienen tsjerke fan Moskou. Nei ferrin fan tiid waard de tsjerke boufallich en yn 1471 waard útein set mei de bou fan in nije katedraal. Op 20 maaie 1474 waard Moskou troffen troch in ierdskodding en de noch net foltôge katedraal rekke sa swier skeind dat alles wat der noch stie wer ôfbrutsen wurde moast. Ivan III noege doe de Italjaanske arsjitekt Aristoteles Fioravanti út om in nije katedraal te bouwen. Dy katedraal waard op 12 augustus 1479 troch de metropolyt Gerontius ynwijd.
De katedraal stiet frij op it heechste plak fan de Kremlynheuvel oan 'e noardlike kant fan it Katedraal-Plein (Соборная площадь). Oan de noardlike kant wurdt de katedraal troch in smelle stege fan it Paleis fan de Patriarchen en de Tsjerke fan de Tolve Apostels skieden. Op it súdeasten fan 'e katedraal stiet de klokketoer fan Ivan de Grutte en súdlik, oan 'e oare kant fan it plein, de Katedraal fan de Aartsingel Michael. Súdwestlik fan 'e katedraal stiet it Fassettenpaleis.
Sûnt de earste tsjerke fan 1327 hie de katedraal in representative funksje foar wichtige oangelegenheden. Oant 1918 wie it de kroaningstsjerke fan 'e grutfoarsten fan Moskou en letter de tsaren fan Ruslân, ek nei't Sint-Petersburch de nije haadstêd fan it ryk woarn wie. De katedraal wie ek de haadtsjerke fan 'e Eparchy Moskou en de Russyske otterdoksy en hjir waarden fan 1589 ôf alle metropoliten en patriarchen wijd en oant 1721 ek begroeven. Op 'e grutte bestjutting fan 'e katedraal wiist ek it grutte grûnbesit, dat de tsjerke besiet oant de nasjonalisaasje dêrfan yn 1765 troch Katarina de Grutte.
Al gau nei de Oktoberrevolúsje waard de katedraal mei alle oare tsjerken yn it Kremlyn sletten foar de earetsjinst. De lêste otterdokske tsjinst waard op it otterdokske Peaskefeest op 5 maaie 1918 fierd. Yn 1922 naam it rezjym de tsjerkeskat yn beslach. De skat kaam foar in grut diel in musea telâne, mar guon foarwurpen waarden oan it bûtenlân ferkocht om sa oan devizen te kommen. Yn 1949-1950, 1960 en 1978 fûnen der restauraasjes oan 'e katedraal plak. Noch foar it Sovjet-systeem hielendal ynsakke fûn tidens de Perestrojka yn 1989 foar it earst wer in tsjerketsjinst plak. Yn 1991 waard de katedraal werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke.
Fioravanti liet him by de bou fan 'e trijeskippige tsjerke beynfloedzje troch de Uspenski-katedraal fan Vladimir, mar yntrodusearre ek nije eleminten yn 'e bou. Nij yn 'e Russyske arsjitektuer wie de tapassing fan bakstien by de bou fan it ferwulft en de koepeltamboeren. Dat die de arsjitekt om't natuerstien swierder wie en mei de tapassing fan bakstien de kalkstiennen bûtenmuorren minder te dragen hiene. Ek de dekoraasjes oan 'e muorren binne fan kalkstien makke. De hiele katedraal stiet op in hege kalkstienen sokkel, dy't rêst op ikehouten peallen.
De âldste dielen fan 'e rike beskildering bleaune bewarre yn 'e Kapel fan Marije's Lofprizing. Dy fresko's ûnstiene tusken 1479 en 1481. De oare fresko's yn 'e tsjerke datearje foar it measte út 'e jierren 1642-1643.
Ut it jier 1547 datearret de fiif ferdjippings tellende ikonostaze, dy't doedestiids in ienfâldiger ikonostaze út 1481 ferfong. De twa heechste lagen fan de ikonostaze waarden yn 'e jierren 1626 en 1653-1654 by in ferbouwing fan 'e tsjerke tafoege. It sulveren en brûnzen beslach op 'e ikonostaze waard net earder as nei de plondering fan de katedraal troch Napoleon's troepen oanbrocht. Yn 'e ikonostaze waarden ek de wichtichste ikoanen út de troch de Moskoviten ferovere stêden ferarbeide. Ien fan 'e âldste foarbylden is in ikoan mei Sint-Joaris út de 12e iuw, dy't Ivan IV yn 1561 út Veliki Novgorod nei Moskou helje liet. Loftss fan 'e keningsdoar siet oant 1919 ien fan de meast ferearde ikoanen fan 'e Otterdokske Tsjerke, dat oarsponklik út Vladimir stamde. Dat ikoan fan 'e Mem fan God fan Vladimir is in byzantynsk wurk út it twadde fearn fan 'e 12e iuw en wurdt sûnt 1926 yn ' kolleksje fan 'e Tretjakovgalery bewarre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.