From Wikipedia, the free encyclopedia
In lytssirkel of lytse sirkel fan in bol is in snijsirkel fan it oerflak fan in bol mei in flak dat net troch it middelpunt fan de bol giet. De diameter fan in lytssirkel is altiten lytser as dy fan de bol.
Ek by de Ierde, en oare planeten, wurdt it wurd lytssirkel brûkt foar sa'n snijsirkel, alhoewol't de planeten gjin suvere bollen binne. Utsein de evener binne alle parallellen lytssirkels. Ek alle sirkels oer de Ierde dy't yn in flak lizze dat net troch de it middelpunt fan de Ierde giet binne lytssirkels.
Op kaarten wurdt troch de kaartprojeksje in part fan in lytssirkel tusken twa punten oer de Ierde somtiden werjûn as rjochte line. Sa'n rjochte line jout dan lykwols net de kortste ferbining oan, om't dat altiten it part fan de grutsirkel troch dy twa punten is.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.