From Wikipedia, the free encyclopedia
De lytse tuorrebout of lytse bollepyst (Typha angustifolia) is in soarte út de famylje fan de tuorrebouten. De lytse tuorrebout komt foar oan wâlkanten, op sompen en yn reidlannen en is geskikt om yn middelgrutte of grutte fivers te plantsjen.
Dizze soarte hat slanker blêd as syn grutte broer, de grutte tuorrebout (Typha latifolia). Yn hichte ûntrint de lytse tuorrebout de grutte net safolle. In hichte fan twa meter is berikber. Yn juny/july bloeie alle soarten tuorrebouten mei manlike en froulike ljochtbrune ieren, dêr't de blommen oan sitte. By rypheid binne de froulike ieren gieleftich oant grieneftich. De froulike blommen sitte yn 'e oksels fan de lytse skutblêden.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Typha angustifolia fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.