Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lolland is mei in oerflak fan 1.243 km² ien fan 'e trije grutste eilannen fan Denemark. It eilân wurdt fan 'e smelle Guldborg Sund skieden fan it eilân Falster. It grutste plak op it eilân is Nakskov, oare gruttere plakken binne Maribo, Sakskøbing en Rødby.
Lolland | ||
geografy | ||
lokaasje | Eastsee | |
lân | Denemark | |
koördinaten | 54° 46' N 11° 25' E | |
algemien | ||
haadstêd | Nakskov | |
sifers | ||
maks. lingte | 58 km | |
maks. breedte | 20 km | |
oerflak | 1.243 km² | |
heechste punt | 25 meter |
De namme betsjut 'leechlân' en it heechste punt fan it eilân is 25 meter dat tichteby it doarp Horslunde leit. Dat wie yn 'e Twadde Wrâldkriich in wichtich plak foar it kommunikaasjenetwurk fan 'e Dútske besetter. De grutste mar op it eilân is de Søndersø, dy't mei oare marren ûnderdiel fan it natoerpark Maribosøerne foarmet.
It gea bestiet út flak en fruchtber lân, dêr't tradisjoneel sûkerbiten ferboud wurde. Fan it grutte tal fabriken dy't er ea wiene is dy fan Nakskov noch jimmeroan yn bedriuw. Nakskov hie oant 1986 ek skipsbou en doe't de werf sletten waard wie dat in grutte slach foar it eilân.
Lolland is ien fan 'e earmere kriten fan Denemark.
It eilân is ûnderdiel fan 'e Fugleflugtslinjen (Dútsk: Vogelfluglinie; Frysk: Fûgelflechtliny), in ynternasjonale ferbining tusken Dútslân en Denemark. Yn 2008 waarden Dútslân en Denemark it iens oer de oanlis fan 'e Femern Bælt-forbindelsen (Dútsk: Fehmarnbelt-Querung), in tunnelferbining ûnder de 18 kilometer brede Fehmarnbelt troch, dy't it Dútske eilân Fehmarn mei Lolland ferbine sil.
It spoar dat de fearhaven Rødbyhavn mei Nykøbing op Falster ferbynt, makket ûnderdiel út fan 'e Fûgelflechtliny. Ek fanút it westlike Nakskov is der in spoarferning mei Falster.
Oer de Frederik IX-brêge út 1963 giet de trein lykas ek it autoferkear oer de Guldborg Sund. Noardlik dêrfan binne noch twa fêste ferbinings: de Guldborgsundtunnel (1988) foar it weiferkear fan 'e Sydmotorvejen en de Guldborgsundbrêge (1934) by it noardlike Guldborg.
Oer de Fehmarnbelt bestiet in oersettsjinst nei it Dútske Fehmarn en der is ek in oerset oer de Langelandsbælt (Langeland Belt) tusken Tårs en Spodsbjerg.
It eilân Lolland is sûnt de weryndielingen fan 1 jannewaris 2007 ûnderdiel fan 'e regio Seelân en bestiet út twa gemeenten: de gemeente Lolland yn it westen en de gemeente Guldborgsund yn it easten. De lêste gemeente leit foar in part ek op it eilân Falster. Oant 2007 hearde Lolland by de provinsje Storstrøm.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lolland fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.