Loadewyk fan Velthem, yn it Flaamsk: Lodewijc van Velthem (±1270 – nei 1326), wie in Midsiuwsk Brabânsk geastlike, skriuwer en dichter. Der is net in protte oer syn persoan bekend. De winter fan 1293-1294 brocht er troch yn Parys, yn it gefolch fan hartoch Jan I fan Brabân. Sels fernijt er dat er yn 1297 te Gint tahold. Yn 1304 hied er in geastlik amt yn Zichem, by Dyst, en yn 1312 waard er beneamd ta pastoar foar it libben te Veltem-Beisem, ûnder de reek fan Leuven (dêrfandinne syn namme).
Loadewyk fan Velthem | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lodewijc van Velthem | |
nasjonaliteit | Brabânsk | |
berne | ±1270 | |
stoarn | nei 1326 | |
etnisiteit | Flaamsk | |
wurk | ||
taal | Midnederlânsk | |
sjenre | ridderromans, non-fiksje | |
perioade | Midsiuwen | |
bekendste wurk(en) | Spiegel Historiael Moriaen | |
jierren aktyf | 1315 – 1326 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
It âldste (bewarre bleaune) literêre wurk fan Loadewyk fan Velthem is de fuortsetting fan 'e Spiegel Historiael, de ûnfoltôge wrâldskiednis fan Jakob fan Maerlant, út 1284-1288, dy't er yn 1316 fan in slot foarseach. Om 1315 hinne hied er it tafersjoch oer de gearstalling fan 'e saneamde Haagse Lancelotcompilatie, in unike samling fan Arthurlegindes (mei dêrûnder Moriaen), dy't mei-inoar bestean út mear as 87.000 fersen. Yn 1326 foltôge er de Merlijn-continuatie, it trêde en noch ûntbrekkende boek en ferfolch op Jakob fan Maerlant syn Historie vanden Grale en Boek van Merlijne. Loadewyk fan Velthem stoar ienige tiid letter te Waldenrath.
● Waterschoot, W. (red.), De Guldensporenslag, een Fragment uit de Voortzetting van de Spiegel Historiael, De Haach, 1979.
● Biemans, Jos A.A.M., Onsen Speghele Ystoriale in Vlaemsche: Codicologisch Onderzoek naar de Overlevering van de Spiegel Historiael van Jacob van Maerlant, Philip Utenbroeke en Lodewijk van Velthem, met een Beschrijving van de Handschriften en de Fragmenten, Leuven, 1997.
● Besamusca, Bart (red.), Jeesten van rouwen ende van feesten: een bloemlezing uit de Lancelotcompilatie. Hilversum, 1999.
● Besamusca, Bart, The Book of Lancelot: The Middle Dutch Lancelot Compilation and the Medieval Tradition of Narrative Cycles, Cambridge, 2003.
● Besamusca, Bart; Sleiderink, Remco; en Warnar, Geert (red.), De Boeken van Velthem: Auteur, Oeuvre en Overlevering Hilversum, 2009.
● Brandsma, Frank (ynl. & fert.), Merlijn, de Tovenaar van Koning Arthur, Amsterdam, 2004 (Griffioenreeks).
● Jongen, Ludo, en Piters, Miriam, Ghi Fransoyse Sijt Hier Onteert: De Guldensporenslag, Lodewijk van Velthem, Leuven, 2002.
● Kestemont, Mike, A Stylometric Analysis of the Rhyme Words in the Account of the Battle of the Golden Spurs in the Fifth Part of the «Spiegel Historiael», yn: Queeste 17 (2010), s. 1-34.
● Sleiderink, Remco, Lodewijk van Velthem: De Onnoemelijke Ambitie van een Brabantse Dorpspastoor, yn: Sleiderink, Remco; Uyttersprot, Veerle; en Besamusca, Bart (red.), Maar Er Is Meer: Avontuurlijk Lezen in de Epiek van de Lage Landen – Studies voor Jozef D. Janssens, Leuven, 2005, s. 109-129.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lodewijk van Velthem fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.