From Wikipedia, the free encyclopedia
De Liffey (Iersk: An Life) is in rivier yn it easten fan Ierlân.
De Liffey streamt út it Wicklowberchtme (Wicklow Mountains) nei it westen, dêrnei rjochting noardeast troch Dublin en mûnet út yn de Baai fan Dublin. De rivier hat op dat plak 125 km ôflein. De wichtichste sydrivieren binne de Dodder, de Poddle en de Camac.
De Liffey is in wichtige rivier yn Dublin en wie fan de Wytsingetiid ôf dé manier om de stêd yn te kommen. De Liffey is mei de rivier de Shannon ferbûn troch it Grand Canal en it Royal Canal. Tsjintwurdich is Dublin sletten foar grutte skippen en wurdt de rivier ek foar rekreaasje brûkt (fral roeie en kanofarre).
De meast ferneamde brêge oer de Liffey is de Ha'penny Bridge, de brêge dêr't yn it ferline tol betelle wurde moast (in heale penny). Yn 2001 - 2002 is de brêge fannijs opmakke. Yn 2009 waard de nijste brêge oer de Liffey yn Dublin iepene, de Samuel Beckett Bridge, in ûntwerp fan de Spaanske arsjitekt Santiago Calatrava. By gelegenheid fan it millennium is der in "boardwalk" oanlein, dat der kin no in moai ein kuiere wurde oan de igge fan de Liffey.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Liffey fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.