Levi Strauss
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Oskar Levi Strauss (berne as Oskar Löb Strauß) (Buttenheim, Beieren, 26 febrewaris 1829 - San Francisco, 26 septimber 1902) wie in Amerikaansk kleanfabrikant fan Dútsk-joadsk komôf. Strauss is ferneamd wurden as betinker fan de spikerbroeken dy't syn foarnamme krigen hawwe, Levi.
Strauss emigrearre 1847 mei syn mem en twa susters nei de Feriene Steaten. Mei twa oare lju sette er yn New York útein mei yn fabryk. Yn 1853 waard Strauss Amerikaansk steatsboarger. Yn 1853 festige er yn San Fransisko in hannelsfirma foar stoffen, klean en oare dingen, dy't goudsikers en pioniers yn it Westen fan Amearika fan noaden wienen. De skroar Jacob Davis út Reno makke de broeken dy't Strauss fan denim makke sterker mei klinksels. In útfining dy't er tegearre mei Strauss - de finansier fan it patint - registrearje liet. De spikerbroek wie in feit.
Op it heden bestiet Levi Strauss & Co., de yndertiid fan Strauss oprjochte spikerbroekefabryk noch altyd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.