From Wikipedia, the free encyclopedia
Leo Henri Ferrier (Paramaribo, 14 septimber 1940 - dêre, 30 july 2006) wie in Nederlânsktalich skriuwer fan Surinaamsk komôf.
Ferrier wie de jongste soan fan Eugenie Lionarons en Johan Ferrier, de earste presidint fan Suriname. Hy wie in broer fan skriuwster Cynthia McLeod en healbroer fan Joan Ferrier en Kathleen Ferrier. Hy waard ûnderwizer, en ferfear yn 1961 nei Nederlân. Ferrier wurke as haadûnderwizer yn De Haach en Amsterdam, en studearre piano oan it konservatoarium yn Utert.
Hy debutearre as skriuwer yn 1968 mei de roman Atman. In jier letter folge El Sisilobi.
Letter hie Ferrier te lijen fan in depresje. Hy gie yn 1971 werom nei Suriname, dêr't er in skoft pianodosint oan de Folksmuzykskoalle wie. Fierders wie er oan it wurk yn it ûnderwiis en as stêfmeiwurker fan it Surinaamsk Museum.
Leo Ferrier stoar mei 65 jier oan longemfyseem.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.