From Wikipedia, the free encyclopedia
Lanniks (inkeltal: Lannik) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan 'e planeet dy't ek Lannik hjit, yn 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel, dy't in lange skiednis fan oarloch hat. Lanniks binne sadwaande tige kriichshaftich en faak ek moedich.
Lanniks binne humanoïde twafuotters, mei in lingte fan trochinoar 1.50 m. Harren meast opfallende lichemsskaaimerk wurdt foarme troch harren tige lange, spits tarinnende earen, dy't fan 'e sydkant fan 'e holle wol 20 sm útstekke. Harren gehoar is treflik en folle skerper as dat fan minsken. Harren hûdskleur is fleiskleurich. Lanniks hawwe twa geslachten: manlik en froulik. De manlju skeare de holle ornaris keal op in lok hier op 'e krún nei, dy't se yn in hynstesturt drage.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.