From Wikipedia, the free encyclopedia
Lancaster is in town yn Erie County, New York, yn de Feriene Steaten, net fier beëasten Buffalo.
Lancaster | ||
It Warren Hull House | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | New York | |
County | Erie County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 41.604 45.106 (2020) | |
Oerflak | 98,2 km² | |
Befolkingsticht. | 441.90 / km² | |
Hichte | 217 m | |
Oar | ||
Stifting | 1833 (town) | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
Yn 1803 ferkocht de Holland Land Company syn earste perseel grûn op it plak fan de lettere stêd. De Town of Lancaster ûntstie yn 1833 út de Town of Clarence yn New York wei. It plak waard neamd nei Lancaster yn Massachusetts, mar it wêrom fan de ferneaming is ûnbekend. Oarspronklik wie de namme Cayuga Creek, mar doe't it in town waard krige it plak de hjoeddeiske namme.
Lancaster hat it âlste stiennen gebou fan Erie County, it Warren Hull House, dat opnaam waard yn it National Register of Historic Places yn 1992. Teffens hat de stêd de âldste houten konstruksje fan de county, de Gipple cabin. Dy hutte stiet op priveegrûn yn it fierste noarden fan de stêd. De Lancaster District School No. 6 waard 2008 opnaam yn it National Register of Historic Places.
Yn 1857 waard it súdpart fan de stêd de selsstannige Town of Elma.
Lancaster krige earst koartlyn in foarstêdsk karakter. Begjin jierren njoggentich fan de 20e iuw waakste de town bot, mei in protte nijbou, twa nije skoallen en oare foarsjennings, yn it suden en easten fan de stêd.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lancaster (New York) fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.