From Wikipedia, the free encyclopedia
Lândei of Landtag is yn Dútslân, mar eartiids ek yn Fryslân, de beneaming fan stânekolleezjes yn de Midsiuwske Dútske steaten (Länder) (dy't bytiden oant de tweintichste iuw bestean bleaune). Dizze lândagen bestienen meastentiids út fertsjintwurdigers fan geastlikheid (m.ú.f. fan protestantske Länder), de adel, de boerestân en inkeldris fertsjintwurdigers fan de boargerij.
Politike bewegingen brûke de namme "landdag" foar de grutte, somtiids dagen duorjende moetings dêr't manifestaasjes plak hawwe en stúdzjewurkgroepen gearkomme. Sa hold it VNV lândagen op de Kesterheide yn Kester en de NSB yn Loosduinen. By Appelskea wurdt alle jierren de Pinksterlândagen holden troch anargistyske jongerein.
Yn de tiid fan de Republyk hie Fryslân syn eigen lândei. De Fryske lândei wie de foarrinder fan Steaten fan Fryslân. Yn it moderne Dútslân wurdt in dielsteatsparlemint mei de namme Landtag oantsjutten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.