Kommaflinter
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De kommaflinter (Hesperia comma) is in soarte yn it skaai fan de brângroukopkes (Hesperia).
kommaflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Hesperia comma | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De flinter is de lêste jierren bot efterútgongen. De kommaflinter is yn Nederlân noch te finen yn de dunen tusken Wyk oan See en Egmond. Ek binne de flinters noch te finen op de Waadeilannen. Op de Feluwe is de flinter noch frij algemien. It is in honkfêste soarte dy't hâldt fan drûge, skrale greiden. Ek haldt de Kommaflinter fan dunen en heidegebieten.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinters as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Op de foarwjuk fan in mantsje stiet in soart kommafoarmige streek, dêrfandinne de namme 'kommaflinter'. De wjuklingte is likernôch 12 oant 15 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is griisgrien mei in pear opfallende wite plakken.
De flinter is te sjen fan heal juny ôf oant heal septimber, foaral tusken 25 july en 20 augustus. De kommaflinter fljocht altyd yn ien generaasje.
De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is griiseftich fan kleur. De kop is hast hielendal swart. De jonge rûp libbet ticht by de grûn. De rûp groeit yn it foarjier en de simmer.
De rûp fret ferskillende gerssoarten lykas strúskegers, ringers, bjindergers en skieppegers.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.