From Wikipedia, the free encyclopedia
In koart pleit is in koart rinnende boargerlike proseduere foar driuwende saken dy't fluch beslist wurde moatte. In gewoane rjochtsaak duorret langer, om't der earst in skriftlike behanneling plakfynt en partijen nei skriftlike en mûnlinge behanneling deskundigen of tsjûgen hearre litte kinne.
Saken dy't driuwend binne, sa as bygelyks it fersykjen om rebûlje te ferbieden of it fersykjen in publikaasje, dy't mooglik skea oan belutsenen en of harren belangen bringe kin, te ferbieden. Ek kin der tocht wurde oan in befel oan de fersekerder om in driuwend needsaaklik medysk hanneljen te beteljen, at de fersekerder dêr net klear foar is. Yn soksoarte foarbylden is in flugge útspraak needsaaklik. Yn it lêste foarbyld soe de pasjint al ferstoarn wêze as it wachtsjen op de útspraak te lang duorret.
De útspraak yn in koart pleit is foarriedich, dochs wol in binend oardiel. As in partij net mei de útspraak iens is, kin er yn heger berop gean of mei in normale proseduere in útwreide behanneling freegje. Yn de praktyk blykt lykwols dat men him almeast deljout nei de útspraak yn in koart pleit.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.