From Wikipedia, the free encyclopedia
Klara fan Assisi (Assisi, 1193 of 1194 - dêre, 11 augustus 1253 yn it kleaster San Damiano) wie de stiftster fan 'e kontemplative oarder fan 'e Klarissen.
Klara fan Assisi | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1193 of 1194 | |
berteplak | Assisi | |
stjerdatum | 11 augustus 1253 | |
stjerplak | Assisi | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Anglikaanske Tsjerke | |
hjeldei | 11 augustus | |
attributen | Monstrâns, tsjelk, stêf (fan abdis), krús, leelje, boek | |
patroan fan | Assisi, televyzje |
Klara (Italjaansk: Chiara) wie in dochter fan 'e aadlike Favarone di Offreduccio di Bernadino en waard berne yn 1193 of 1194. Hja hearde Fransiskus yn 'e domtsjerke preken en waard sa beynfloede, dat hja yn 'e nacht nei Palmsnein yn 1212 har âlderhûs ferliet en yn 'e lytse kapel Portiunkula it ûnthjit die, om har oan God te wijen en in libben fan earmoed, keinens en hearrigens te lieden. Fransiskus snie Klara it hier ôf en joech har in earmoedich habyt.
Tenei libbe Klara neffens Kristus' foarbyld yn folsleine earmoed. Ynearsten brocht Fransiskus har by de Benediktinen ûnder. Har suster Agnes, dy't letter ek hillich ferklearre waard, folge Klara sechtjin dagen letter yn har kar foar it kleasterlibben. Nei't Fransiskus de kapel fan San Damiano renovearre hie en dêr ek in ûnderkommen boud hie, ferhûzen Klara en har suster dêr hinne. Al gau foegen mear froulju harren by Klara en Agnes. Dêrûnder wiene susters, freondinnen, in muoike en ek harren mem dy't widdo woarn wie.
Klara makke mei har moed en Godsbetrouwen in soad yndruk op 'e minsken fan har tiid. By in oerfal fan 'e moslims yn it jier 1240 kaam hja de ynfallers mei in monstrâns yn 'e mjitte. Itselde die hja nochris doe't Assisi in jier letter troch it keizerlike leger belegere waard. Dêrom is de monstrâns fakentiden (of somtiden in tsjelk) oanwêzich by in ôfbyld fan 'e hillige.
Oant de ein fan har libben bleau Klara yn 'e klausuer fan it kleaster fan San Damiano, dêr't hja neffens de yn 1216-1217 troch harsels skreaune kleasterregel libbe. Dy regel wie neffens har sizzen ynhâldlik neat oars as "gewoan it evangeelje fan ús Heare Jezus Kristus nei te libbjen". Hja moast oant har dea striidzje foar de erkenning fan "it privileezje fan earmoed"; de paus wie nammentlik fan betinken dat Klara's kleasterregel te streng en net fol te hâlden wie. Pas op 9 augustus 1253, koart foardat Klara ferstoar, joech paus Innosintius IV de erkenning fan 'e oarder. De bul Solet annuere, wêrmei't de paus de oarderregel befêstige, waard op 10 augustus oan Klara oerlange. In dei letter ferstoar hja.
De oarderregel fan 'e Klarissen wie de earste oarderregel yn 'e skiednis, dy't troch in frou foar froulju skreaun hie. De kleasterregel wie foar dy tiid opfallend demokratysk en lei fral de klam op 'e eigen ferantwurdlikens fan eltse yndividuele non. Foar in soad froulju yn hiel Europa wie dy regel oantreklik en oeral ûnstiene nije kleasters fan 'e oarder. De Klarissen foarmje njonken de Karmelitessen-sûnder-skuon tsjintwurdich de grutste frouljusoarder yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Twa jier nei har dea op 15 augustus 1266 spriek paus Aleksander IV Klara fan Assisi hillich. Paus Pius XII beneamde Klara op 17 febrewaris 1958 yn in apostoalyske brief ta beskermhillige fan 'e tillevyzje. Dat ferwiist nei de leginde dat hja ienris fanwegen sykte de nachtmisse net bywenje koe en yn in fisioen yn har sel de hiele tsjinst folgje koe.
Klara wurdt op 11 augustus yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Anglikaanske Tsjerke en in pear oare protestantske tsjerken betocht. It omskot fan Klara wurdt yn 'e krypt fan 'e basilika Santa Chiara yn Assisi fereare. Hja wurdt oanroppen by eachsyktes en koarts.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.