From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kinner Airster wie in Amerikaanske ienmotorige twadekker mei twa sitplakken, ûntwurpen troch Bert Kinner en boud troch dy syn Kinner Airplane & Motor Corporation.
De Airster syn earste flecht wie yn yn 1920. It wie in ien- of twapersoans twaddekker mei iepen cockpit. De earste ienpersoans Airster waard oandreaun troch in Lawrance L-4 trije silinder stjermotor fan 60 hk (45 kW). Doe't it prototype by in testflecht delstoarte, waard it omboud ta in twasitter mei in bredere cockpit. In Airster mei de namme The Canary waard kocht troch Amelia Earhart doe't se fleanen learde. Lettere produksjefleantugen hiene in romp fan multipleks en waarden oandreaun troch ferskate 60 hk (45 kW) motors.
Yn 1927 produsearre it bedriuw in fariant mei trije sitplakken, oandreaun troch in 100 hk (75 kW) Kinner K -2 motor. De lêste Airster waard yn 1927 boud. De ûntwerprjochten waarden yn 1929 ferkocht oan Crown Carriage Works, dy 't in ferzje produsearre mei de namme Crown B -3.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.