From Wikipedia, the free encyclopedia
It kilogram is sûnt 1901 de ynternasjonale standertienheid foar massa en dêrmei ien fan de sân basisienheden fan it SI.
In kilogram is lyk oan tûzen gram; kilo is it foarheaksel foar 1000.
It SI-systeem definiearret dit kilogram as lyk oan de massa fan it ynternasjonale prototype, dat fan in platina-iridiumlegearing makke is en bewarre wurdt op it 'Bureau International des Poids et Mesures' (it ynternasjonale buro fan gewichten en maten) yn it Frânske Sèvres. It ynternasjonale prototype is in silinder fan 90 massa% platina en 10 massa% iridium, mei in hichte en diameter fan 39,0 mm. It kilogram is de ienige SI-ienheid dy't relatearre is oan in troch minsken makke foarwerp ynstee fan in natuerkundige eigenskip. It is ek de ienige basisienheid yn it SI dy't in SI-prefiks (kilo) yn de namme stean hat. Dit is om histoaryske en praktyske redenen sa hâlden; logysker soe wêze it 'gram' as basisienheid te kiezen.
Offisjele kopyen fan it standertkilogram binne as nasjonale prototypen beskikber. De hjoeddeiske standert fan Nederlân, kopy nûmer 53, leit yn it Van Swinden laboratoarium fan it NMI yn Delft. In foarige massastandert fan Nederlân te sjen yn it Ryksmuseum yn Amsterdam.
It ynternasjonale prototype fan it kilogram waard yn gebrûk nomd yn 1889.
De massa fan de standertsilinder is lykwols net fêst. Dit wurdt konstatearre trch de massa fan de referinsje-silinder te fergelykjen mei de massa fan kopyen fan dy silinder. Der is ûnder oare fersmoarging fan de silinder yn de oarder fan 1 µg per jier. Der binne spesjale skjinmakprosedueres om dizze fersmoarging fuort te heljen. Mar it blykt dat yn de rin fan de tsientallen jierren de massa dochs net konstant bliuwt, mar wat ôfnimt.
Dêrom wurdt der socht nei in oare definysje fan it kilogram, ien dy't net ôfhinklik is fan in fysyk foarwerp. Hjirby wurdt ûnder oare sjoen nei it tellen fan it oantal silisium atomen yn in bol fan monokristallyn silisium, of nei it ôflieden fan it kilogram fan natuerkundige konstanten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.