Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It keninkryk Sisylje wie in steat yn it suden fan it hjoeddeiske Itaalje.
Keninkryk Sisylje
Regnum Siciliae (Latynsk) | |
---|---|
1130–1816 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
it Keninkryk Sisylje yn 1154 | |
polityk | |
haadstêd | Palermo |
offisjele taal | Latyn, Gryksk |
steatsfoarm | feodale monargy |
ûntstien út | Greefskip Sisylje Hartochdom Apûlje en Kalaabrje |
opgien yn | Keninkryk fan de Twa Sisyljes |
no diel fan | Itaalje |
sifers | |
De steat waard yn 1130 troch Rogier II fan Sisylje stifte en bestie oant 1816. Earder wie it it greefskip Sisylje, dat stifte wie yn 1071 nei de oermastering fan Súd-Itaalje troch de Normandjers. It keninkryk wie net beheid ta it eilân Sisylje, mar ek it suden fan Itaalje en Malta hearden by it keninkryk. It eilân sels wie ferdield yn de trije regio's Val di Mazara, Val Demone en Val di Noto.
Oant 1282 waard it keninkryk ek wol regnum Apuliae et Siciliae neamd. Yn dat jier soarge in rebelly, dy't bekend waard as de Sisyljaanske Fespers, foar de ôfsetting fan Karel fan Anjou, dy't oer Sisylje hearske. It hûs fan Anjou slagge der yn om de gebieten op it Italjaanske fêstelân te behâlden, dat lang om let it keninkryk Napels neamd waard, wylst it eilân in apart keninkryk waard ûnder de hearskippij fan in Katalaanske dynasty, dy't oer it keninkryk Aragon hearske.
Nei 1302 waard it eilân somtiden it keninkryk Trinacria neamd (trinacria besjut trijehoek). Fakentiden waard it keningskip takend oan in oare foarst lykas de kening fan Aragon, de kening fan Spanje of de keizer fan it Hillige Roomske Ryk.
Yn 1816 waard it keninkryk Sisylje gearfoege mei it keninkryk Napels yn it nije keninkryk fan de Twa Sisyljes. Troepen ûnder Giuseppe Garibaldi foelen yn 1861 it keninkryk oan en oermasteren it. Garibaldi droech it oer oan it Hûs fan Savoye om it mei oare steaten letter te ferienigjen yn it nije keninkryk Itaalje.
Hús | Regear | Kening | Ofbyld |
---|---|---|---|
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1130–1154 | Roger II | |
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1154–1166 | Willem I (Willem de Goddeleaze) | |
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1166-1189 | Willem II (Willem de Goede) | |
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1189-1194 | Tancred I (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1193 | Roger III (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1194 | Willem III | |
Hûs fan Hauteville (1130–1198) | 1194–1198 | Konstans I | |
Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 | 1194–1197 | Hindrik I | |
Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 | 1198–1250 | Freark I (mienskip regear) | |
Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 | 1212–1217 | Hindrik II (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 | 1250–1254 | Koenraad I | |
Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 | 1254–1258 | Koenradyn | |
Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 | 1258–1266 | Manfred I | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1266–1282 | Karel I | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1276–1285 | Konstans II (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1282–1285 | Piter I Piter de Grutte (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1285–1295 | Jakobus I Jakobus de Rjochtfeardige | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1295–1337 | Freark II | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1337-1342 | Piter II | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1342–1355 | Loadewyk I | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1355–1377 | Freark III (Freark de Ienfâldige) | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1377–1401 | Maria I (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1390–1409 | Martinus I (mienskiplik regear) | |
Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 | 1409–1410 | Martinus II | |
Hûs fan Trastámara 1412–1516 | 1412-1416 | Ferdinand I (Ferdinand de Earlike) | |
Hûs fan Trastámara 1412–1516 | 1416–1458 | Alfons I | |
Hûs fan Trastámara 1412–1516 | 1458–1468 | Jehan I | |
Hûs fan Trastámara 1412–1516 | 1468-1516 | Ferdinand II (Ferdinand de Katolyk) | |
Hûs fan Trastámara 1412–1516 | 1516–1555 | Jehanne I (Jehanne de Sljochtsinnge) | |
Hûs fan Habsburg 1516-1700 | 1516–1554 | Karel II | |
Hûs fan Habsburg 1516-1700 | 1554–1598 | Filips I | |
Hûs fan Habsburg 1516-1700 | 1598–1621 | Filips II | |
Hûs fan Habsburg 1516-1700 | 1621–1665 | Filips III | |
Hûs fan Habsburg 1516-1700 | 1665–1700 | Karel III | |
Hûs fan Bourbon 1700-1713 | 1700–1713 | Filips IV | |
Hûs fan Savoy 1713–1720 | 1713–1720 | Fiktor Amadéus | |
Hûs fan Habsburg 1720–1735 | 1720–1735 | Karel IV | |
Hûs fan Bourbon 1735–1816 | 1735–1759 | Karel V | |
Hûs fan Bourbon 1735–1816 | 1759–1816 | Ferdinand III | |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.