From Wikipedia, the free encyclopedia
De Cattedrale della Santa Vergine Maria Assunta (Katedraal fan Marije-Himelfeart) is in katedraal oan 'e Corso Vittorio Emanuele yn 'e Sisyljaanske haadstêd Palermo, Itaalje. Troch in lange skiednis fan útwreidings, feroarings en restauraasjes fertsjintwurdiget it hjoeddeiske gebou in grut tal boustilen. De lêste grutte feroarings fûnen yn 'e 19e iuw plak.
Katedraal fan Palermo Cattedrale di Palermo | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Sisylje | |
plak | Palermo | |
adres | Corso Vittorio Emanuele | |
koördinaten | 38° 6'N 13° 21'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1179-1185 | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
Sûnt 2015 stiet de domtsjerke ûnder Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
De skiednis fan 'e katedraal giet werom op 'e 6e iuw, doe't yn 'e tiid fan paus Gregoarius I in katedraal op it plak boud waard. Nei de islamityske ferovering fan Sisylje yn 'e 9e iuw makken de Sarasenen in moskee fan it tsjerkegebou. By de "Grutte Moskee" hearde net allinne de eardere katedraal, mar ek in madrassa, in bibleteek, in badhûs ensafuorthinne. Nei't Rogier I Palermo op 'e Arabieren werom ferovere, waard de moskee op 'e nij de katedraal fan it aartsbisdom Palermo.
Doe't de âlde katedraal yn 1169 troch in ierdskodding slim skansearre waard, naam aartsbiskop Walter it beslút de rest fierder ôf te brekken en in nije katedraal te bouwen. Mei de sloop fan 'e âlde katedraal waarden ek de yn 'e tiid fan 'e islamityske ferovering tafoege bygebouwen ôfbrutsen. De nijbou fûn plak yn 'e jierren 1184-1185.
Yn 'e 14e oant de 16e iuw waard it gebou fierder fergrutte. De fjouwer hoektuorren, dy't earder net heger wiene as it middenskip, krigen in goatyske opbou. De westlike haadyngong ferhûze nei in plak yn 'e súdlike gevel en dêr waard ek romte makke foar in grut plein. It súdlike portaal krige om 1465 hinne in portikus fan Antonio Gambara yn 'e Katalaansk letgoatyske styl.
De Florânske arsjitekt Ferdinando Fuga feroare it oansjen fan 'e katedraal yn 'e jierren 1781-1801 troch in grutskalige ferbouwing. Fuga liet in klassisistyske koepel boppe de krusing sette en ferfong de dakken fan 'e sydskippen troch in rige koepels, dêr't de bûtenmuorre fan it middenskip efter skûl giet. Ek it ynterieur ûndergyng in klassisistyske ferbouwing. De pylders tusken it middenskip en sydskippen, dy't hege spitsbôgen droegen, waarden troch massive pylders mei rûne bôgen ferfongen. Dêrnjonken waard ek it grutte retabel efter it alter ferwidere. Yn it retabel, in ier 16e-iuwsk keunstwurk fan 'e famylje Gagini, wiene 38 bylden fan hilligen ferwurke, dy't yn 1950 foar in part wer in plak yn 'e domtsjerke krigen en no oan 'e pylders opsteld steane.
De lêste grutte ferbouwing fûn plak doe't de âlde wartoer fan 'e westlike gevel in neogoatyske opbou krige.
Yn 'e kearn is de katedraal in Normandyske wartsjerke yn 'e foarm fan in fjouwerkante bou mei in middenskip, in transept en twa legere sydskippen. Om't de foarm mei twa tuorren oan it westwurk allinne oan in keningskatedraal foarbeholden wie, liet biskop Walter in grutte toer foar de westlike gevel delsette, dy't allinne mei spitsbôgen ferbûn is oan de katedraal. Op 'e fjouwer hoeken fan 'e tsjerke steane lytsere hoektuorren.
Arabyske ynfloeden binne dúdlik by de trije apsiden werom te kennen. De inoar krusende bline rûnbôgen mei dekoraasjes fan oarskleurige stien hawwe in soad fan 'e tagelyk boude katedraal fan Monreale, mar binne lykwols stranger yn styl.
De grutte klassisistyske koepel fan Ferdinando Fugas behearsket it oansjen fan 'e katedraal. De rige lytse koepels boppe de sydskippen wurkje ferfrjemdzjend foar de normandysk-arabyske struktuer.
It súdlike portaal, tsjintwurdich de haadyngong, waard yn 1426 troch Antonio Gambara tafoege. De houten doarren mei fykwurk fan Francesco Miranda datearret út 1432. De letgoatyske portikus foar it portaal wurdt fan lytsere tuorkes flankearre. Yn it timpaan troant Kristus tusken Marije en de aartsingel Gabriel. Yn 1989 waard by it renovearjen in diel fan de oarspronklike portikus bleatlein, dêr't in filigrane foarstelling fan in libbensbeam ûntdutsen waard.
It ynterieur datearret fan 'e ferbouwing tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw en fertsjintwurdiget in klassisistyske pylderbasilyk mei in grûnflak fan in latysk krús. Efter de hjoeddeiske pylders geane de âlde pylders skûl, dy't ea de bôgen tusken it haadskip en de sydskippen droegen. Oan 'e pylders steane hjoeddedei in tal bylden, dy't eartiids yn it retabel fan Gagini in plak hiene.
It besjen wurdich is in moarmeren Madonnabyld fan Francesco Laurana (1469), in bysûnder moarmeren wijwetterbekken fan Giuseppe Spadafora, dat eartiids oan Domenico Gagini taskreaun waard en de Madonna della Scala fan Antonello Gagini (1503) op it alter yn 'e nije sakristy.
Rjochts njonken it presbytearium stiet de Rosalia-kapel. Yn in sulveren relikwarium út 1632 wurde dêr de reliken fan 'e beskermhillige fan Palermo bewarre.
Yn de krypt steane de sarkofagen fan de aartsbiskoppen fan Palermo. Foar in part binne it Romeinske sarkofagen dy't op 'e nij brûkt binne.
Foar de alterromte leit oer de flier in meridiaan, dy't de astronoom Giuseppe Piazzi yn 1801 oanbringe liet.
It oargel waard yn 'e jierren 1950 troch de oargelboufirma Tamburini boud. It hat 57 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektrysk.
Sûnt de 18e-iuwske ferbouwing steane de keningsgrêven yn in sydkapel efter it rjochter sydskip opsteld. Oarspronklik stiene se rjochts en lofts fan 'e haadapsis.
De sarkofagen foaroan stean elts ûnder in baldakyn, dy't troch seis pylders droegen wurdt. De lofter sarkofaach is fan keizer Freark II († 1250) en de rjochter fan syn heit, keizer Hindrik VI († 1197). Dy twa sarkofagen hie Rogier II yn it transept fan 'e katedraal fan Cefalù sette litten en se wiene ynearsten ornearre foar him en syn opfolgers. Nei't Rogier II lykwols yn Palermo, en syn opfolgers Willem I en Willem II yn 'e katedraal fan Monreale byset waarden, naam keizer Freark II de sarkofagen mei nei Palermo foar himsels en syn heit. De sarkofaach fan Freark II is tige artistyk útfierd en wurdt droegen troch twa liuwen. Yn dy sarkofaach waarden njonken Freark II ek de kenings Freark III († 1338) en Petrus II († 1342) byset. Doe't yn 1782 de sarkofaach iepene waard, fûnen se it lichem fan Freark II yntakt.
Yn de twadde rige steane twa sarkofagen ûnder mei mozaïeken fersierde baldakinen. Lofts it grêf fan Rogier II († 1154) en rjochts it grêf fan syn dochter Konstanse fan Sisylje († 1198), de frou fan Hindrik VI.
Yn in 3e- of 4e-iuwske Romeinske sarkofaag oan 'e rjochter muorre leit it bonkerak fan Konstanse fan Aragón († 1222), de frou fan Freark II.
De tagong ta de skatkeamer fan 'e katedraal is rjochts fan 'e Rosaliakapel. Yn 'e skatkeamer wurdt benammen liturgysk tekstyl útstald.
It pronkstik fan 'e samling is in kroan, dy't neffens it foarbyld fan 'e kroanen fan Byzantynske keizers makke waard. Karakteristyk binne de hingers oan 'e kroan. De kroan waard troch keizer Freark II oan syn frau Konstanse fan Aragón mei yn it grêf jûn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.