Karel Hendrik van Seben (ek wol von Seben) (De Haach, 26 oktober 1893 – Hilfertsom, 11 maart 1988) wie in Nederlânske keunstskilder, byldhouwer, tekener, yllustrator en boekbânûntwerper.
Karel van Seben | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karel Hendrik van Seben | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 oktober 1893 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 11 maart 1988 | |
stjerplak | Hilfertsom | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, tekener, yllustrator, boekbânûntwerper |
Van Seben wurke en wenne yn De Haach oant 1919, yn Amsterdam oant 1933, yn Hilfertsom yn 1934, Loosdrecht oant 1939, De Bilt, Bilthoven en fan 1943 ôf yn Bussum.
Hy wie learling fan de Akademy foar Byldzjende Keunsten in De Haach by professor Ros en makke reizen nei Grikelân, Frankryk, Afrika, Italië en Noarwegen.
Van Seben makke stedsgesichten, stillibbens, figuerfoarstellingen en ûntwurp in flink tal boekbannen en omslaggen foar blêdmuzyk, dêr't teminsten 31 fan bekend binne. Hy wie lid fan it genoatskip Kunstliefde yn Utert.
Yn it Sintraal Museum yn Utert hinget syn portret fan bestjoerder Otto van Rees.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.