Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jonas Lauritz Idemil Lie (Modum, 6 novimber 1833 - Stavern, 5 july 1908) wie in Noarsk skriuwer, dy't hearde ta de Grutte Fjouwer fan de Noarske literatuer.
Lie waard berne yn it suden fan Noarwegen, mar brocht in grut part fan syn jeugd troch yn Tromsø, dêr't syn heit haadynspekteur fan de plysje wurden wie. Hy gie nei de seefeartskoalle yn Fredriksværn, mar moast fanwege syn minne eagen in karriêre op see opjaan. Hy gie doe nei de Latynske skoalle yn Bergen en dêrnei gong er nei de Universiteit fan Kristiania yn 1851, dêr't er yn de kunde rekke mei Henrik Ibsen en Bjørnson. Yn 1857 wie er klear my de stúdzje Rjocht.
Hy begûn mei in abbekatepraktyk yn Kongsvinger. De praktyk wie net drok, dat Lie hie it oan tiid en publisearre yn ferskate Noarske blêden. Yn 1866 ferskynde syn earste dichtbondel, Digte, dêr'er net folle súkses mei hie. Yn de neifolgjende jierren kaam er troch de tiid as sjoernalist. Hy fûn net in soad wurdearring foar syn wurk en fertsjinne min. Dan yn 1870 folge syn proazadebút mei Dem Frensynte in samling ferhalen oer de see en it byleauwe, dy't harren ôfspylje in Noard-Noarwegen. Fan 1870 oant 1893 reizge er - mei help fan in reisbeurs - troch Europa. Hy sette earst ôf nei Rome. Hy wenne in skoft yn Noard-Dútslân en brocht de winter faak troch yn Parys. Yn 1882 wie er efkes werom yn Noarwegen, mar al rillegau begûn it reizgjen nei Europa wer. Syn frijwillige ferballing kaam ta in ein yn de maitiid fan 1893, doe't er him deljoech yn Holskogen, by Kristiansund.
Yn dy tiid publisearre er tal fan boeken. De famyljekronyk Familien paa Gilje út 1883 is syn bekendste boek. It is in sterk portret fan in offisiershúshâlding en it bytsje mooglikheden foar de dochters út sokke famyljes om harren maatskiplik te ûntjaan. Guon beskôgje it as it Noarske ekwifalint fan wurk fan Britske skriuwers as Jane Austen en de susters Brontë. Lie skreau ek in stikmannich mearkes. Thomas Mann hie Lie's wurk heech.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.